Hidaard

Hidaard
Flagge fan Hidaard Wapen fan Hidaard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hidaard
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2022) 125 [1]
Webstee Oer Hidaard

Hidaard is in doarp yn it suden fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp hat likernôch 125 ynwenners (2022). De namme komt fan de eigennamme Hida mei de útgong -wert. By it doarp hearre ek de buorskippen De Kliuw, Hidaardersyl en Trijehuzen.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Hidaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 kaam Hidaard bij de nije gemeente Littenseradiel. By de opheffing fan Littenseradiel waard Hidaard yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân yndield. It terpdoarp leit yn de âldste polder fan Nederlân, It Eilân fan Easterein. Súdwestlik fan Hidaard leit de kearslûs yn de Slachte oer de Hidaarder Feart, in útwetteringsslûs út de 10e iuw fan de Eastereinder Polder en letter foar in diel fan Hinnaarderadiel en Barradiel. Hidaard leit oan de Marnerûte foar kano's en hat ek in oanlissteiger.

Buorren 4

De kop-hals-romppleats oan de Buorren 4 is in ryksmonumint.

Ien fan de meast bekende bewenners fan it doarp wie faaks it kastleinske Tsjerkje Huitema, better bekend as 'Tsjerkje fan de Kliuw' (1903-2002).[2] Har eardere kafee stie súdeastlik fan de doarpskearn oan de fjouwersprong De Kliuw. Nei har ferstjerren waard it ta wenhûs ferboud en is no in Bêd en Brochje-adres.

Súdlik fan it doarp stie in 19e-iuwske muonts. De restauraasje fan de mûne wie yn tarieding doe't yn novimber 1981 de mûne omwaaide. Fan in weropbou is it nea kommen.[3]

Hidaard, Tomastsjerke
De Wikipedy hat ek in side Tomastsjerke (Hidaard).

De protestantske mienskip fan Hidaard foarmet mei Wommels ien PKN-gemeente. Der wurde regelmjittich tsjinsten yn de tsjerke fierd.[4]

Yn de Tomastsjerke in sark út de 16e iuw fan de lêste abt fan it eardere Kleaster Blomkamp. It oargel is fan 1935, boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.

De feriening foar Doarpsbelang is oprjochte op 9 febrewaris 1925. Yn augustus is der meast in doarpsfeest. Biljertferiening de Hiddastjitters spilet yn doarpshûs it Hiddahûs. De keatsferiening Hidaerd bestiet sûnt 1976.

Buorren, Doniadyk, De Kliuw, Tjebbingadyk, Trijehuzen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje