Hollum | ||
Sicht op Hollum út it suden wei | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | It Amelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.285 (2021)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 26' NB, 5° 38' EL | |
Loftfoto fan Hollum | ||
Kaart | ||
Hollum is it meast westlike doarp op it Amelân. It is ek it grutste doarp yn de gemeente, mei likernôch 1.275 ynwenners (2020).
Hollum leit oan it Borndjip en is it grutste fan de fjouwer doarpen op It Amelân. Yn it doarp binne in soad smelle strjitsjes en kommandeurshuzen. De takkele rânen fan de gevels jouwe de rang fan de seefarder oan dy't yn it hûs wenne. Hoe mear takkels op de gevelrânen, hoe heger de rang.
It kultuer-historyske Sorgdragermuseum sit yn it eardere kommandeurshûs út 1751. Der is in wikseleksposysje en der wurde dialêzingen en rûnliedingen organisearre.
Yn it eardere rêdingsboathûs is Rêdingsmuseum "Abraham Fock" fêstige. De namme komt fan de oant 1988 tsjinst dwaande hynsterêdingsboat dy't noch te besjen is. By demonstraasjes wurdt de boat troch tsien hynders fan it museum nei de see ta brocht.
Yn mûne De Ferwachting wurdt gauris nôt of moster meald.
Sûnt 1948 bestiet de Feriening Doarpsbelang. De feriening wol bûten de eigen belangen ek it toerisme befoarderje. It doarp hie yn it earstoan in eigen VVV, dy't letter opgien is yn de VVV fan It Amelân. Sa waarden skulpepaadsjes oanlein, foarsjennings makke, strânfeesten en optochten organisearre.
It Sinteklaasfeest wurdt yn Hollum noch as fanâlds dien. Op 4 desimber is it feest foar de bern, op 5 desimber foar boppe de achttjin jier. Allinnich jonges en manlju ferklaaie harren. Der wurdt dan op buffelhoarnen blaasd en men mei net weromkend wurde, ek net oan de stim. De saneamde baanfeiers feie alles wat frou hjitte kin fan de strjitte. De "Ouwe Sunderklazen" of "Omes" meie froulju en famkes twinge om te dûnsjen.
De "Hollumer Gromkes" is in dweilorkest dat yn 1991 oprjochte is mei de Blauhúster Dakkapel as foarbyld. Ynstee fan de Fryske truien drage de muzikanten in trui mei it Amelanner wapen.
Alle strjitten fan Hollum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hollum fan Wikimedia Commons. |
It Amelân | ||
---|---|---|
Doarpen: Ballum • Bueren • Hollum • Nes | ||
Buorskippen: Ballumerbocht • Koaipleats | ||
· · |