| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2009) | 241 | ||||
Webstee | De Fjouwer doarpen |
Itens is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Wommels. It doarp hie likernôch 240 ynwenners yn 2004 en 241 yn 2009.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Itens diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Neidat it doarp sûnt 1984 yn de nij foarme gemeente Littenseradiel lei, kaam it nei in gemeentlike weryndieling yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân.
Itens oan de noardeastlike flank fan de eilânpolder fan Easterein liket op in streekdoarp, mar it is in âld terpdoarp mei in letter foarme streek. De beide kanten fan de âlde dyk, de hoep, binne ridlik ticht beboud. Oan de binnendykse kant leit it restant tsjerketerp mei wat bebouwing dêr om hinne. Oan de dyk stiet in grut tal flinke pleatsen. Yn ûngefear de midden oan de noardkant fan de dyk stiet it kafee ‘De lytse fjouwere’.
De bebouwing is oardere yn streekjes fan iepen en in mear tichte bebouwing, bgl. oan de Rienster kant dêr’t by in groepke bedriuwsgebouwen, ûnder mear in eardere smidderij, wat mear bûtenromte oanhâlden is. De oarspronklike kearn is de sterk ôfgroeven terp súdwestlik fan de dyk. Dêr stiet de tsjerke betreklik heech efter it keatsfjild dat troch de graverij fan de terp as griene kearn ûntstean koe.
Itens wurdt al yn 1381 neamd; it hiet destiids Ytzinze. Omdat by it ôfgraven fan de terp saneamd Harpstedter ierdewerk fûn is, hat it plak om it begjin fan de jiertelling hinne al bewenne west.
Efkes ten noarden fan it doarp stiet de Wynmotor Itens, in Amerikaanske wynmotor út it begjin fan de jierren tritich fan de 20e iuw dy't oanwiisd is as ryksmonumint.
De doarpen Hinnaard, Itens, Lytsewierrum en Rien dogge in soad meiïnoar, se hawwe ek ien feriening foar doarpsbelang. Yn it sintrum fan Itens stiet doarpshûs/kafee "De Lytse Fjouwere". Hjir stiet gearwurkingsskoalle "De Romte". "Yn 'e Golle" is de boarterstún. Yn de njoggentiger jierren ferdwûn de lêste winkel fan it doarp.
Aenkommewei, De Nijstêd, De Tuolle, De Tsjems, Hearedyk, Iewei, It Sân, It String, Itingewei, Singel, Tsjerkebuorren.