Kyra Phillips

Kyra Phillips
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kyra Phillips
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 augustus 1968
berteplak ? (Illinois)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, nijslêzeresse,
ferslachjouster, presintatrise
medium tillefyzje, radio
wurksum by CNN, HLN
jierren aktyf ±1990 – no
prizen 6x Emmy Award
2x Peabody Award
2x Edward R. Murrow Award
offisjele webside
Kyra Phillips op Twitter

Kyra Phillips (Illinois, 8 augustus 1968) is in Amerikaansk sjoernaliste, nijslêzeresse en ferslachjouster, dy't op 't heden wurksum is foar de tillefyzjestjoerder HLN. Hja is lykwols it bekendst wurden mei har wurk foar de ynternasjonale nijsstjoerder CNN, dêr't se yn it ferline trettjin jier lang yn 'e tsjinst wie. Phillips is ien fan 'e meast foaroansteande tillefyzjesjoernalisten fan 'e Feriene Steaten, en ûnder har karriêre hat se ferskate prizen wûn, wêrûnder seis kear in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Phillips waard berne yn 'e steat Illinois] en brocht dêr har jongste jierren troch yn 'e stêd Jacksonville. Healwei de legere skoalle ferfear hja nei San Diego, yn 'e steat Kalifornje, dêr't har âlden allebeide heechlearaar waarden oan 'e Steatsuniversiteit fan San Diego. Nei't Phillips dêr de middelbere skoalle trochrûn hie oan 'e Helix High School, learde se fierder oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, dêr't se in bachelorstitel yn sjoernalistyk behelle.

Neitiid sette Phillips har karriêre útein as ferslachjouster en wykeinnijslêzeresse by it lokale tillefyzjestasjon WLUK-TV, yn Green Bay, yn 'e steat Wiskonsin, en by KAMC-TV, yn it Teksaanske Lubbock, foar't se yn 1994 oannommen waard by WDSU-TV yn New Orleans. Letter wurke se ek as sjoernaliste foar de spesjale taakienheid fan KCBS-TV, yn Los Angeles.

Yn 1999 kaam Phillips by CNN USA te wurkjen, dêr't se yn 't earstoan as ferslachjouster aktyf wie. Yn dy hoedanichheid brocht se begjin 2002 in moanne troch yn in ûndersyksstasjon op Antarktika en makke se yn oktober fan dat jier in flecht yn it F-14 Tomcat fan 'e Amerikaanske Marine, ûnder in gefjochtsmissy boppe de Perzyske Golf. Yn 2003 wie Phillips as ferslachjouster embedded yn 'e Amerikaanske Marine ûnder de Amerikaanske ferovering fan Irak. Dêrby presintearre hja har reportaazjes fanôf it fleandekskip de Abraham Lincoln.

Kyra Phillips oan board fan it fleandekskip de Abraham Lincoln, yn oktober 2002, krekt foar't hja in flecht makke yn in F-14 Tomcat fan 'e Amerikaanske Marine.

Yn novimber 2008 die Phillips mei kollega Lisa Desjardins oer de radio fanút it Amerikaanske Kapitoal yn Washington, D.C. live ferslach fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings. Tsjin dy tiid wie se ek geregeldwei as nijslêzeresse op CNN te sjen. Yn maart 2012 waard har presintaasjetiid lykwols ynkoarte ta in oere deis, en yn juny fan dat jier waard oankundige dat Phillips oerstappe soe nei de oan CNN liëarre Amerikaanske nasjonale nijsstjoerder HLN. Koarte tiid letter krige dat syn beslach, en begûn Phillips mei de presintaasje fan in eigen aktualiteiteprogramma op HLN.

Sûnt ein 2013 is se njonken har wurk foar HLN út en troch ek wer as ynfalster op CNN te sjen. Under har karriêre hat Phillips û.m. seis Emmy Awards foar sjoernalistyk, twa Peabody Awards en twa Edward R. Murrow Awards wûn.

By in diel fan it publyk is Phillips fral bekend wurden troch in flater ûnder in live-útstjoering fan 'e taspraak fan presidint George W. Bush, op 29 augustus 2006, in jier nei't de stêd New Orleans troffen wie troch de orkaan Katrina. Dêrby liet hja by fersin har mikrofoan iepenstean doe't hja nei it húske gie, sadat de sjoggers tagelyk mei Bush syn taspraak ek Phillips har petear mei in oare toiletbesykster folgje koene. Dêrby joech se rie oer manlju, bekritisearre se har skoansuster as in "albedil" en priizge se har earste (doetiidske) man. Letter ferskynde se op 'e Amerikaanske tillefyzje as gast yn it praatprogramma fan David Letterman, dêr't se efterôf de gek mei harsels hie oangeande dat ynsidint.

Phillips wie foarhinne troud mei in John Assad. Nei't dat houlik op in skieding útrûn wie, ferloofde hja har yn 2010 mei kollega-tillefyzjesjoernalist John Roberts. Op 15 maart 2011 krige se mei 42 jier har earste bern, de twilling Kellan Clay Roberts (♂) en Sage Ann Robert (♀). Phillips en Roberts binne sûnt troud. Njonken har wurk as sjoernaliste is Phillips ek belutsen by ferskate goeddiedichheidsynstellings, wêrûnder de Brain Tumor Foundation for Children, de Tragedy Assistance Program for Survivors, de Global Down Syndrome Foundation en Big Brothers Big Sisters of America.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.