Maywood

Maywood
band
Maywood yn Ren je rot, 1981
Maywood yn Ren je rot, 1981
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk,
Nederlânsk
sjenre Pop
bestean 1978-1995,
2013-2014
leden
Alice May
Caren Wood

Maywood wie in Frysk popduo oprjochte yn Twellingea en wie aktyf tusken 1978 en 1995, fan 2013 oant 2014 wie it duo koarte tiid wer byinoar. It duo brocht yn 1980 harren debútalbum Maywood út. Maywood hat seis studio-albums útbrocht.

Begjintiid en súksesperioade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maywood bestie út de suskes Alice May en Caren Wood, pseudonimen fan Aaltsje (Harns, 20 desimber 1954) en Doetsje de Vries (Harns, 24 febrewaris 1953). De suskes de Vries begûnen al op jonge jierren mei sjongen. Tegearre makken se sûnt begjin santiger jierren diel út fan ferskate groepen, wêrfan't De Karina's yn 1974 de earste wie. Yn 1976 sieten se yn de countrygroep Colt 45 (mei ûnder oare Harry de Vroege alias Harry Laurens en ek bekend fan it duo Sterling), en it jier dêrnei foarmen se it duo The Lady Pop's.

Sûnt 1978 beslueten de susters fierder te gean ûnder de namme Maywood. It Ingelsktalige rippertwaar waard skreaun troch Alice en bestie út faak teatrale ballades en dûnsbere popferskes. De produksje lei yn hannen fan eks-Kayak drummer Pim Koopman, dy't dêrmei syn earste produskjewurk die.
De twadde single You treated me wrong waard yn 1979 Maywoods earste top 40-hit. Al kaam dat it net fierder as it 32ste plak, it markearre wol de trochbrek foar it duo en tagelyk it begjin fan in tige súksesfolle perioade. Der folgen al gau gruttere hits, dêr't it nûmer Late at night yn 1980 in nûmer 1-hit fan waard yn de Top 40 én de Nasjonale Hitparade.
Der waarden platen útbrocht yn 52 lannen en op festivals yn West-Dútslân, Poalen, Japan en Korea waarden der prizen en ûnderskiedings yn de wacht sleept. Ek toerde Maywood troch Sweden, Finlân, Bulgarije, Yndoneezje en de Sowjet-Uny. Yn Spanje en Midden-Amearika ferskynde in elpee mei yn it Spaansk oersetten materiaal.

Troch Stichting Conamus waard Maywood ûnderskieden mei de Sulveren Harp.

Eurofyzjesongfestival

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Healwei de jierren '80 waard it súkses minder. Utbrochte singles stûken yn de tipparade. Dochs waard Maywood yn 1990 foar Nederlân nei it Eurofyzjesongfestival yn Zagreb stjoerd. It troch Aaltsje skreaune nûmer Ik wil alles met je delen moast Nederlân op it lietsjesfestyn einlik wer ris in topnotearring opleverje. Spitigernôch ferrûn de útfiering op it moment-suprême net hielendal flekkeleas. De karakteristike bachtrompet, dy't yn it nûmer siet, wie troch blunderjende technyk op it stuit dat dy bespile waard net te hearen. De oarsaak wie de mikrofoan, dy't net iepen stie. Maywood einige úteinlik mei mar 25 punten op in teloarstellend 15de plak.

De brek, de rjochtssaak en in stjergefal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin jierren '90 waarden der noch inkele flopte singles útbrocht en yn 1995 gie Maywood definityf út elkoar. Aaltsje en Doetsje begûnen los fan elkoar in solokarriêre, mar sûnder súkses. Yn 1997 like it der eefkes op dat de susters wer by elkoar komme soenen, mar sa fier blykt it by eintsjebeslút net te kommen. Heal novimber brocht Alice Maywood de nije selsskreaune single Rise In The Morning út, mar it nûmer flopte.
Doe't Caren in nije relaasje krige en oare prioriteiten hie, ûntstie der spul tusken de beide susters. Yn de jierren dêrnei wie it tsierende twatal faak ûnderwerp fan de rabbelparse. Alice troude op 20 novimber 1996 mei sakeman Rob van Wijk. Yn febrewaris 1996 waard offisjeel fêstlein dat allinnich Alice tenei de namme Maywood brûke mocht, mar Caren hâlde har dêr net oan. Dêrom spande Alice yn 1999 in rjochtsaak tsjin Caren oan om har te beletten noch langer de namme Maywood te brûken. De fisepresidint fan de rjochtbank yn Arnhim stelde Alice May úteinlik yn it gelyk. Hja krige de rjochten omdat se de teksten en muzyk skreaun hie. Caren Wood mocht net langer de tafoegings Maywood en eks-Maywood brûke. Foar eltse oertrêding moast se 5.000 gûne betelje, oant in maksimum fan 250.000 gûne.

Op 30 desimber 2000 waard Alice hommels widdo doe't har man, Rob van Wijk, oan it hertstilstân ferstoar.

Nei jierren spul hân te hawwen, waard yn 2004 oankundige dat Alice en Caren wer tegearre optrede soenen, mar it mislearre. Yn 2006 waard bekend dat Alice middels audysjes om in oare sjongster socht om Maywood nij libben mei yn te blazen. Dat waard úteinlik Rose Louwers, mei wa't Alice in comeback-optreden plande yn de Red & Blue Club yn Antwerpen. It optreden, dat op snein 3 desimber 2006 hâlden wurde soe, waard flak foar dy datum lykwols ôfsein. De gearwurking tusken Alice en Rose Louwers blykte dochs net te wurkjen. "Us karakters leinen te fier út elkoar", ferklearre Alice. "Ik haw in sterk omliste idee oer hoe't it klinke moat en hoe't de oanklaaiing wêze moat." Louwers ferdwûn wer yn de anonimiteit.

Alice giet hjoed-de-dei allinnich it schnabbelcircuit ôf mei de grutste hits út it rippertwaar fan Maywood. Se siket lykwols wer om in nije partner. Dy moaat begjin 2011 fûn wêze, wêrnei't de comeback komme moast. Der wiene plannen foar in tournee en eventueel in nij album. Sels optredens yn it bûtenlân waarden net útsluten. "Wy hawwe noch altiten kontakten fanút ús súksesperioade", sei Alice yn in ynterview. "Fia de webside komme der faak fersiken binnen út lannen as Japan en Ruslân." Op de fraach oft se it net wer ris mei har suske besykje wol, seit se: "Wa wit. De wûnderen binne de wrâld noch net út." Yn 2013 folge yndie in weriening, mar yn 2014 giene se susters op 'e nij mei rûzje útinoar.

Caren Wood makke begjin 2007 in trochstart sûnder sus Alice. Caren gie yn see mei lytskeunstner Henk Smaling en kaam wer op de planken mei in café chantant-eftich programma, Hotel Weemoed.

Album Utbrocht yn Singles
Maywood 1980 You Treated Me Wrong,
Mother, How Are You Today,
Late At Night,
Give Me Back My Love
Different worlds 1981 Distant Love,
Rio,
Mano
Colour my rainbow 1982 Get Away,
Star
Beside you 1987 Standing In The Twilight,
Lonely Nights,
When I Look Into Your Eyes,
If You Need A Friend
Achter de horizon 1990 Kom In Mijn Armen,
Ik Wil Alles Met Je Delen
Six of the thirties 1991

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht yn
Het beste van... 1983
Walking back to happiness 1991
De hits 1992
More Maywood 1994
Good for gold 1996
Late at night 2003

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: