Me and Bobby McGee | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Roger Miller | |
album | Roger Miller | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | country | |
útbrocht | july 1969 | |
opnommen | 16 maaie 1969 | |
doer | 4:02 | |
label | BNA Records | |
skriuwer | Kris Kristofferson en Fred Foster | |
komponist | Kris Kristofferson en Fred Foster | |
produsint | Jerry Kennedy | |
resultaten | ||
hitlisten | nû. 3 yn Kanada | |
covers | ferskaat, sjoch tekst |
Me and Bobby McGee is in Ingelsktalich liet dat yn 1969 as single útbrocht waard troch de Amerikaanske sjonger Roger Miller. It wie skreaun troch sjonger en akteur Kris Kristofferson en lietsjeskriuwer Fred Foster, en it makke ek diel út fan Miller syn nei himsels ferneamde album Roger Miller, dat yn 1970 útkaam. Fan Me and Bobby McGee waard koart foar har dea in ferzje opnommen troch rocksjongster Janis Joplin, dy't neitiid postúm as single útbrocht waard en grut súkses hie. Hoewol't it in misferstân is dat Kristofferson it nûmer foar Joplin skreaun hie, rekke it nei har ûntidich ferstjerren sterk mei har assosjearre. It waard ek covere troch in grut tal oare sjongers, wêrûnder Johnny Cash, Melissa Etheridge, de Grateful Dead, Waylon Jennings, Kristofferson sels, Jerry Lee Lewis, Gordon Lightfoot, Loretta Lynn, Olivia Newton-John, Dolly Parton, Pink, LeAnn Rimes, Kenny Rogers, Amanda Strydom en Dottie West.
Yn Me and Bobby McGee hellet de ik-persoan oantinkens op oan 'e tiid dat hy en syn faam (of, as it troch in frou songen wurdt, har feint) Bobby McGee noch byinoar wiene. Se doarmen as swalkers troch de hiele Feriene Steaten om, fan Louisiana nei Kentucky, en dêrwei nei Kalifornje. Dat diene se troch mei te liftsjen mei frachtweinen, wêrby't Bobby de frachtweinsjauffeurs dan werombetelle troch ferskes te sjongen dy't se hearre woene, wylst de ik-persoan har begelate op 'e mûlharpe.
De ik-persoan en Bobby dielden alles as freonen en minners. Oerdeis makke se dat de ik-persoan him goed fielde, want jin goed fielen wie maklik as Bobby de blues song. Nachts hold se him waarm mei har lichem. Mar wylst de ik-persoan syn frijheid net kwyt woe, begûn Bobby op in stuit te langjen nei in fêst plak om har nei wenjen te setten. Dat, earne yn Kalifornje liet de ik-persoan har gean, op 'e syk nei it nije libben wêrfan't er hope dat se it fine soe. De ik-persoan kaam neitiid lykwols ta de konklúzje dat frijheid inkeld in oar wurd is foar neat te ferliezen hawwen, en neat te ferliezen is alles wat Bobby him litten hat. Hy beslút mei de tekst: "Ik soe al myn moarnen ruilje foar ien inkele juster, sadat ik Bobby's lichem tsjin myn eigen oan hâlde koe."
Me and Bobby McGee berikte yn 'e oarspronklike ferzje fan Roger Miller yn Kanada it trêde plak op 'e hitlisten. Yn 'e Feriene Steaten bleau er stykjen op it tolfde plak op 'e wichtichste countryhitlist, de Billboard Hot Country Singles.
Me and Bobby McGee | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Janis Joplin | |
album | Pearl | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | blues-rock, country-rock | |
útbrocht | 11 jannewaris 1971 | |
opnommen | 5 sept.–1 okt. 1970 | |
doer | 4:33 | |
label | Columbia Records | |
skriuwer | Kris Kristofferson en Fred Foster | |
komponist | Kris Kristofferson en Fred Foster | |
produsint | Paul A. Rothchild | |
resultaten | ||
hitlisten | nû. 1 yn 'e Feriene Steaten |
De Kanadeeske sjonger Gordon Lightfoot wie de earste artyst dy't Me and Bobby McGee covere; syn ferzje berikte yn Kanada yn 1970 it earste plak yn 'e countryhitlist. It liet waard tafoege oan it album Sit Down, Young Stranger, mar nea as single útbrocht.
De Amerikaanske band Kenny Rogers and The First Edition naam it liet ek op, mei Kenny Rogers as lead-sjonger. It makke ûnderdiel út fan it album Ruby, Don't Take Your Love to Town, út 1969. It liet stie letter ek op ferskate sammelalbums fan Kenny Rogers as solo-artyst.
De Amerikaanske rocksjongster Janis Joplin naam in ferzje fan Me and Bobby McGee op foar har album Pearl. Se foltôge de opname mar inkele dagen foar har dea yn oktober 1970. Kris Kristofferson, ien fan 'e skriuwers fan it liet, hie har dermei yn 'e kunde brocht, en sjonger Bob Neuwirth hie it har leard. Kristofferson hearde pas nei har dea dat se it opnommen hie. Joplin har ferzje klom op ta it earste plak fan 'e Billboard Hot 100-hitlist, en waard dêrmei har iennichste nûmer 1-hit. It wie de twadde postúm útbrocht single yn 'e Amerikaanske muzykskiednis, nei (Sittin' On) The Dock of the Bay fan Otis Redding. Yn 2004 parte it promininte Amerikaanske muzyktydskrift Rolling Stone Joplin har ferzje fan Me and Bobby McGee it 148e plak ta yn in list fan 'e 500 moaiste lieten aller tiden.
Oare covers fan Me and Bobby McGee waarden útfierd troch:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |