Paranormal romance

Paranormal romance, wat oerset wurde kin as "boppenatuerlike romantyk", is in literêr en filmysk subsjenre dat romantyske fiksje kombinearret mei ien of mear sjenres dêr't boppenatuerlike (of bûtenierdske) eleminten yn foarkomme, lykas fantasy, horror of science fiction. Dêrby is it wichtich dat foar de opbou fan it ferhaal de klam lein wurdt op it romantyske elemint, wylst it boppenatuerlike elemint fral fan belang is foar de eftergrûn fan it ferhaal. Hoewol't mear tradisjonele fantasy-, horror- en science fiction-ferhalen mei in romantyske subplot soms ek wol oanmurken wurde foar paranormal romance, is dat eins net wat it sjenre echt ynhâldt.

Yn 'e regel giet it by paranormal romance om in romantyske relaasje tusken in minske en in fampier, in wearwolf, in geast of in oar, soartgelikens boppenatuerlik wêzen, al wurde der ek romantyske relaasjes ta rekkene mei bûtenierdske wêzens of mei oare minsken út histoaryske tiidrekken dy't troch tiidreizgjen berikt wurde. Minder faak foarkommend binne romantyske relaasjes mei minsken dy't boppenatuerlike krêften hawwe, lykas telepaty of telekineze.

Paranormal romance is in sjenre dat syn woartels hat yn in oar literêr sjenre, dat fan 'e Goatyske roman, de direkte foarrinner fan 'e hjoeddeiske horror. Hoewol't paranormal romance yn syn moderne foarm al teminsten sûnt de 1930-er jierren bestiet, is de grutte populariteit derfan in relatyf resint ferskynsel, dat om it jier 2000 hinne fasilitearre waard troch de groei fan it ynternet en de ûntwikkeling fan it elektroanysk útjaan fan teksten. Tusken 2002 en 2004 allinnich al waard it tal útjûne paranormal romance-titels yn 'e Feriene Steaten ferdûbele oant 170 per jier. Fan in populêr boek fan dit sjenre kinne yn Amearika allinnich al maklik 500.000 eksimplaren ferkocht wurde. Anno 2015 is paranormal romance noch altyd ien fan 'e fluchst groeiende romantyksjenres.

Auteurs dy't harren yn it paranormal romance-sjenre spesjalisearre hawwe, binne bygelyks Stephenie Meyer (bekend fan 'e ferfilme Twilight-rige), Dani Harper, Richelle Mead, Kerrelyn Sparks, Jessica Bird, Kresley Cole, Christine Feehan en Kelley Armstrong. Neffens statistiken dy't yn 2013 troch de Amerikaanske fantasy- en science fiction-útjouwerij Tor Books frijjûn waarden, binne fan 'e skriuwers fan pararnormal romance 57% froulju en 43% manlju, wylst yn oare subsjenres fan fantasy en science fiction de auteurs foar likernôch 67% manlju en 33% froulju binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.