Warten | ||
![]() | ||
Doarpsicht fanôf de Oeble Omwei | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Provinsje | ![]() | |
Gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 905 (2022) [1] | |
Oerflak | 22,20 km² lân: 16,70 km² wetter 5,51 km² | |
Befolkingsticht. | 54 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 08'N 5° 53'E | |
Offisjele webside | ||
Side Warten | ||
Kaart | ||
Warten Nederlânsk: Wartena) is in Frysk doarp yn 'e gemeente Ljouwert. It leit direkt noardlik fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen, oan it Prinses Margrietkanaal. It is troch in pontfear it ferbûn mei Earnewâld. Sûnt 1989 is de offisjele plaknamme it Frysktalige 'Warten'. It doarp hearde foar de gemeentlike weryndieling fan 2014 ta Boarnsterhim, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Idaerderadiel.
Warten ûntstie oan it Alddjip. Om 900 moat de terp al bewenne west ha. It lei frijwat isolearre omt der allinnich oer wetter goed te kommen wie. Op âlde kaarten wurdt it oantsjutten as Warthna en Wartengahe. Dat soe in soarte fan gearlûking wêze kinne fan Warten, Wergea en Warstiens. Yn 1865 en 1866 waarden der wegen oanlein nei Garyp en Wergea.
Yn Warten siet sûnt 1907 in skipswerf dêr't skûtsjes, sleepboaten en coasters boud waarden. Ek MS Sier waard hjir boud. Yn 2003 gie de werf fallyt.
Mids septimber 2018 waard yn 'e tsjerke fan Warten In Ikoan mei in Knypeach holden, in betinking fan akteur Rense Westra, dy't lang yn Warten wenne en tsjerke.
Der is in feriening foar Doarpsbelangen. It doarpsblêd hjit Kommune. en It Ljochtbeaken binne de basisskoallen fan it doarp. De Roekeflecht is de soas far jongerein. Oan de Rochsleat efkes bûten Warten leit in jachthaven.
De kristlike basisskoalle It Ljochtbeaken moast yn 2011 nei 115 jier de doarren slute nei't it tal learlingen ûnder de 23 sakke. Sûnt hat it doarp noch ien basisskoalle: de iepenbiere basisskoalle De Finne.[2]
Een vloot van historische schepen als skûtsjes, notarisbootjes, opdrukkertjes, sleepboten.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 1999 | 2004 | 2007 | 2010 | 2021 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 834 | 809 | 811 | 777 | 804 | 988 | 1022 | 996 | 963 | 925 | 905 |
De busline troch Warten wurdt fersoarge troch Qbuzz. De folgjende line rydt troch Warten:
Alle strjitten yn Warten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
![]() |
Ljouwert | ![]() |
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
![]() ![]() ![]() |