Willy van Hemert

Willy van Hemert
Willy van Hemert (1959)
Willy van Hemert (1959)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Catharinus van Hemert
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 maart 1912
berteplak Utert
stoarn 26 juny 1993
stjerplak Hechtel flagge fan Belgje
wurkpaad
berop/amt Regiseur,
Toanielskriuwer,
Akteur,
kabaretier
jierren aktyf 1942-1985
Ellen, Willy en Ruud van Hemert yn it telefyzjespul "Leocadia" (1960)

Willem Catharinus (Willy) van Hemert (Utert, 29 maart 1912 - Hechtel, 26 juny 1993) wie in Nederlânsk toaniel- en telefyzjeregisseur, tekst- en toanielskriuwer, akteur en kabaretier.

Van Hermert gie nei it Bonifacius Lyceum yn Utert. Hy wie ynteressearre yn kabaret en toaneel. Yn syn middelbere skoaltiid spile hy de rol fan Charles Lindbergh. Nei dy skoalle studearre hy koart Rjochten en Ekonomy. Van Hemert krige mei syn earste frou Miep Kronenburg (sjongster en dûnseresse ûnder oaren by de Fritz Hirsch-operette) fjouwer bern: Hans van Hemert (produsint en komponist), Ruud van Hemert (regisseur), Ellen van Hemert (keunstskilderes en aktrise) en Eric van Hemert (keunstskilder, musikus en komponist). Van Hemert wie de skoanheit fan akteur Coen Flink.

Van Hemert wenne de lêste jierren yn it Belgyske doarp Hechtel mei syn lêste frou, Cootje Ruijters. Hy waard beïerdige op it Algemiene Begraafplak oan de Woensbergweg yn syn eardere wenplak Blaricum. Op syn grêf stiet syn byldhoude portret.

Van Hemert is yn Nederlân benammen bekend wurden as 'de man van de riges'. De glazen stad (nei in boek fan P.J. Risseeuw), Bartje (nei it boek fan Anne de Vries), De kleine waarheid (nei in trilogy fan Jan Mens) en Dagboek van een herdershond (basearre op in trilogy fan de preester Jacques Schreurs).

- Een Beetje - Teddy Scholten, muzyk fan Dick Schallies

Yn 1972 wûn Van Hemert in Gouden Harp. Yn 1983 krige hy mei Warry van Kampen De Gouden Televizier-Ring foar De weg (KRO)