André Hazes | ||
sjonger en/of muzikant | ||
André Hazes (1988) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andreas Gerardus Hazes | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 juny 1951 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 23 septimber 2004 | |
stjerplak | Woerden | |
wurkpaad | ||
sjenre | jankfodde | |
sjongtaal | Nederlânsk | |
grutste hit(s) | De Vlieger, Eenzame kerst, 'n Beetje verliefd, Wij houden van Oranje | |
jierren aktyf | 1959, 1976–1977, 1979–2004 |
André Hazes (30 juny 1951, Amsterdam - 23 septimber 2004, Woerden), folút Andreas Gerardus Hazes, wie in Nederlânsk sjonger dy't sûnt 1976 populêr wie mei syn eigentiidske ferzje fan de jankfodde. In pear fan syn ferneamdste nûmers binne: Eenzame kerst ('Iensume Kryst') 1976, De Vlieger (De Draak) 1977, 'n Beetje verliefd ('In bytsje fereale') 1981 en Wij houden van Oranje ('Wy hâlde fan Oranje') 1988.
Yn syn bernetiid libbe André Hazes yn de Amsterdamske folkswyk De Piip. Fan jongs ôf hold er fan muzyk - fral fan blues en rock 'n' roll. Syn sjongtalint waard al yn 1958 ûntdutsen troch Johnny Kraaykamp sr., doe't André op de Albert Cuypmerk stie te sjongen. Hy waard doe troch Johnny Kraaykamp as bernstjer lansearre yn it tillefyzjeprogramma AVRO's weekendshow. Der waarden in pear singeltsjes útbrocht, mar de lytse Hazes waard gjin súkses.
Yn 1976 waard Hazes op 'e nij ûntdutsen, diskear troch Willy Alberti. Hazes hie baantsjes hân as fabryksarbeider, lichtmatroas, boekbiner, blommebesoarger, fytsmakker, skoarstienreager, slachtersfeint, boufakarbeider, grûnwurker, sloper, platespiler, merkkeapman en kelner, en op dat stuit hie er wurk as barman. It sjongen seach er as leafhawwerij. Troch Alberti waard der in single útbrocht fan syn lied Eenzame Kerst, dat daalks in sukses wie. Dernei wienen ek Mamma en De Vlieger súkseskes.
Platemaatskippij Philips wie in soad fan plan mei Hazes, mar dy woe dat net en waard wer barman. Yn 1980 krige er by platemaatskippij EMI de kâns de muzyk op te nimmen dy't er sels graach woe. It nûmer 'n Vriend (In freon), skrean troch syn neef Tonnie Leroy, waard as single in súkses en de karriêre fan André Hazes as eigentiidske jankfoddesjonger wie begûn. In jier letter waard Hazes mei de single Een beetje verliefd en de plaat Gewoon André (Gewoan André) in grutte stjer. Dy status befêstige er yn de jierren dêrop mei in rige hitsingles, diskoteekoptredens en galaoptredens yn Ahoi. Yn 1984 hie er in koarte tiid in eigen tillifyzjesearje by de VARA: Zoals u wenst mevrouw (Sa as jo wolle, mefrou). De searje wie nammers net bysûnder populêr. Sûnt 1988 hie er suksessen mei lofsangen op it Nederlânsk fuotbalteam.
Yn 1989 koe er in plaat opnimme, hielendal sa't hy it woe. It resultaat, Dit is wat ik wil (Dit is wat ik wol), is in plaat mei blues en rock 'n' roll, dêr't minsken as Kaz Lux, Herman Brood en Jan Akkerman as gastartysten op meispylje.
Njonken mei artistyk nijs kaam Hazes nei 1990 ek yn it nijs omreden fan de minne ynfloed dy't syn libbenswize op syn sûnens hie. Hazes waard in pear kear yn it sikehûs opnaam, en hy koe somtiden syn optredens net ôfmeitsje. Guon minsken seinen dat er wat folle alkohol dronk. Guon fan de parse skreaunen dat ek, en Hazes hie dêr in soad argewaaasje fan.
Yn 1999 hie de karriêre fan Hazes in oplibjen mei syn rol fan altyd-gewoan-bleaun-artyst yn de reklame. John Appel makke in dokumintêre mei itselde tema, mei de titel Zij gelooft in mij (Sy leaut oan my). Hazes blykt yn de film in hieltyd twifeljend persoan, dy't net mei de druk fan it artystelibben omgean kin. Dy druk waard noch heger doe't Hazes yn 2002 in koarte polityke karriêre hie: hy siet fan maart oant july foar de partij Ronde Venen Belang yn de gemeenterie fan De Rûne Feanen. Mar op it lêst wie der in soad krityk fan oare fraksjes, dat er der net altyd by wie, en as gefolch derfan gong er fuort.
Yn 2003 fierde er noch syn sulveren jubileum, yn de Amsterdam Arena, mar syn sûnens waard minder. Sa krige er maaie 2004 lêst fan syn ear. Troch in roes koe er himsels net mear praten of sjongen hearre, sadat er needsake wie optredens ôf te sizzen. Op 22 septimber 2004 krige er in longûntstekking, en waard er yn Woerden opnaam yn it sikehûs. De dei derop is er dêr ferstoarn oan in hertstilstân. Yn de Amsterdam Arena kamen op 27 septimber sa'n 50.000 minsken byinoar om ôfskied fan him te nimmen.