Bowiemês

Bowiemês
algemiene ynformaasje
offisjele namme Bowiemês
nasjonaliteit Amerikaansk
type wapen mês
ûntwerpskiednis
ûntwerper Rezin Bowie, James Black
ûntwurpen 1827/1830
fabrikant ferskate
yn produksje sûnt 1830
spesifikaasjes
lingte 37-46 sm
lingte limmet 20-30 sm
breedte 3,8-5,1 sm
tsjûkte 4,8-6,4 mm

It Bowiemês (útspr.: ['bu:i], likernôch: "bûû-y") is type fêstblêdich fjochtmês (d.w.s. sûnder ynklapber limmet), dat yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e Feriene Steaten ûntwikkele waard. It earste mês fan dit soarte waard nei't it skynt yn 1830 ûntwurpen troch Rezin Bowie foar syn broer Jim Bowie. It mês krige bekendheid nei't Jim der in ûngelikense fjochtpartij op in sânbank yn 'e Mississippy (it Sânbankgefjocht) mei wûn. It waard doe ek nei him ferneamd. De hjoeddeistige foarm fan it Bowiemês waard neitiid ûntwikkele troch hoefsmid James Black. Hoewol't der no hûnderten fariaasjes op dit type mês besteane, omfiemje Bowiemessen ferskate werkenbere en karakteristike ûntwerpeleminten. Yn 'e folksmûle wurdt lykwols tsjintwurdich faak elts grut fêstblêdich mês mei in skie, parearstangen en in clip point oantsjut as in Bowiemês.

It mês fan Jesse Clifft

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste Bowiemês, dêr't Jim Bowie ferneamd om waard, wie nei't it skynt yn Avoyelles Parish, yn Louisiana, ûntwurpen troch Jim syn broer Rezin Bowie. It waard út in âlde file smeid troch in hoefsmid mei de namme Jesse Clifft. Ut histoaryske boarnen blykt dat Rezin Bowie en Clifft inoar goed koene. Yn in brief oan 'e Steatsuniversiteit fan Louisiana, datearjend fan 1885, skreau in pakesizzer fan Rezin dat sy der persoanlik by west hie doe't Clifft it mês foar har pake makke.

Dat mês waard ferneamd doe't Jim Bowie it yn 1827 brûkte yn it saneamde Sânbankgefjocht. Dat wie in fjochtpartij fan Bowie mei in groepke oare mannen, ûnder wa in majoar Norris Wright fan Alexandria (Louisiana), op in sânbank yn 'e rivier de Mississippy, ter hichte fan Natchez (Mississippy). It wie ek it iennichste gefjocht wêrfan't mei wissichheid sein wurde kin dat Bowie dêrby syn mês brûkte. Yn it Sânbankgefjocht waard Bowie delstutsen, delsketten en heal dea slein, mar troch it brûken fan syn grutte mês kaam er dochs as oerwinner út 'e striid.

Jim Bowie.

Jim syn âldere broer John Bowie soe letter beweare dat it mês dat Jim yn it Sânbankgefjocht brûkte net it mês fan Clifft wie, mar in oar mês, dat spesjaal foar Jim makke wie troch in hoefsmid dy't Snowden hiet. In lettere telch út it Bowie-skaai ferklearre wer dat de ynformaasje dy't oan John taskreaun waard, in ferfalsking wie en dat John nea ôfwitten hie fan it dokumint dat yn syn namme ferskynd wie.

It mês fan James Black

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bekendste foarm fan it Bowiemês waard nei it Sânbankgefjocht yn 'e foarm fan in houten model ûntwurpen troch Jim Bowie sels en yn desimber 1830 oerdroegen oan James Black, in hoefsmid út Arkansas. Saakkundigen geane der oer it algemien fan út dat Jim Bowie syn model in ferbettere ferzje wie fan it oarspronklike Bowiemês fan Rezin Bowie en Jesse Clifft. Black smeide neffens it model in stielen mês, en makke tagelyk noch in mês, dat krekt-en-gelyk wie, útsein dat it ek in snijrâne hie oan 'e bûgde boppekant fan 'e punt fan it limmet. Neitiid bea Black beide messen oan Bowie oan, en doe keas Bowie foar it mês mei Black syn oanpassings.

Yn 1831 kearde Jim Bowie mei syn mês werom nei Teksas, dêr't er nei't it skynt behelle rekke yn in gefjocht mei trije mei fjoerwapens bewapene mannen dy't ynhierd wiene om him te deadzjen troch in man dy't er yn in earder gefjocht sparre hie. Neffens de doetiidske ferslaggen fan it gefjocht soe Bowie alle trije mannen ombrocht hawwe mei syn mês, wêrby't er ien suver ûnthalze, in oaren de búk iepenriet en de trêde de plasse spjalte. Yn 1836 kaam Jim Bowie yn 'e Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch om yn 'e Slach om de Alamo, en hy en syn mês groeiden út ta in Amerikaanske leginde. Wat der fan it oarspronklike Bowiemês waard, is ûnbekend, mar in mês mei de gravearring "Bowie No. 1" waard letter troch it Histoarysk Arkansaansk Museum oankocht fan in Teksaanske wapensamler. Troch wittenskiplik ûndersyk is fêststeld dat it yndie smeid is troch Black.

De Konfederearre kavalerist John Duponte út Dartmouth (Alabama) mei in foarladend jachtgewear en in Bowiemês mei in D-foarmich hânsel.

Dyselde hie al rillegau in goed rinnende saak yn it smeien en ferkeapjen fan Bowiemessen yn syn smidderij yn Washington (Arkansas). Geandewei ferbettere er syn technyk en ferhege dêrmei de kwaliteit fan 'e messen. Yn 1839, koart nei it ferstjerren fan syn frou, rekke Black lykwols frijwol blyn doe't er mei in kneppel yninoar slein waard wylst er siik op bêd lei en himsels net ferdigenje koe. De dieder wie syn skoanheit, dy't it der nea mei iens west hie dat syn dochter mei Black troude. Neitiid koe Black net mear as smid wurkje. De Bowiemessen fan Black wiene tige sterk mar dochs fleksibel, en syn technyk is neitiid nea duplisearre. Dat kaam om't er syn wurkwize geheim hold en al syn wurk efter in learen gerdyn die. Der wurdt gauris sein dat Black it geheim fan it smeien fan wier Damaststiel werûntdutsen hie.

Yn 1870, doe't er santich jier wie, besocht Black syn geheim troch te jaan oan Daniel Webster Jones, de soan fan 'e famylje dy't him fersoarge doe't er op jierren rekke wie. Nei mear tritich jier bliek er lykwols sels de details fan syn wurkwize fergetten te wêzen. Jones soe letter opklimme ta it amt fan gûverneur fan Arkansas. It berteplak fan it Bowieknife makket tsjintwurdich diel út fan it Histoarysk Steatspark Old Washington, dat bestiet út mear as fjirtich restaurearre histoaryske gebouwen. Ien dêrfan is de smidderij fan Black.

Lettere skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oantsjutting Bowie knife ("Bowiemês") kaam al om 1835 hinne yn gebrûk, doe't Jim Bowie sels noch libbe. Messen mei in smeller limmet as de Bowiemessen fan tsjintwurdich, mar wol mei de snijrâne oan 'e boppeside fan 'e mêspunt, kamen bekend te stean as 'Sheffield Bowiemessen', om't dy ferzje sa populêr waard dat er omtrint 1850 yn itensreaufabriken yn it Ingelske Sheffield yn massaproduksje nommen waard foar de eksport nei de Feriene Steaten. It Bowiemês waard it measte brûkt yn it Wylde Westen om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne. It waard dêr behalven as wapen ek in protte brûkt foar it strûpen en slachtsjen fan jachtwyld en oare aldendeiske putsjes.

In Sheffield Bowie mei in typearjend minder breed limmet.

It is bekend dat Bowiemessen alteast út en troch as wapens brûkt waarden yn 'e Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, de Kalifornyske Goudkoarts, it konflikt yn Kansas, de Amerikaanske Boargeroarloch en de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen. De militante abolisjonist John Brown hie in Bowiemês, dat him nei syn arrestaasje en deastraf ûntnadere waard troch de lettere Konfederearre generaal J.E.B. Stuart. John Wilkes Booth, de moardner fan presidint Abraham Lincoln, liet in Bowiemês falle doe't er yn 1865 nei de moard fuortflechte. Neffens in (mooglik apokryf) ferhaal soe William Frederick Cody (Buffalo Bill) yn 1876 yn 'e Slach by Warbonnet Creek de Sjajinske kriger Heova'ehe deasketten en dêrnei skalpearre hawwe mei in Bowiemês, út wraak foar de dea fan George Armstrong Custer yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn.

Yn 'e lêste desennia fan 'e njoggentjinde iuw ferlear it Bowiemês oan populariteit, mei't omtrint 1875 betroubere revolvers fan swier kaliber beskikber kamen, sadat it foardiel fan it fjochtsjen mei in mês fierhinne teneate dien waard. Dêrby kaam noch dat de foargrins fan 'e beskaving oanhâldend fierder opskode, sadat der ek hieltyd minder gebieten wiene dêr't men ridlikerwize ferwachtsje koe om in grut fjochtmês nedich te hawwe.

Yn 'e tweintichste iuw waard de Ka-Bar fan it Amerikaanske Marinierskorps, dy't benammen yn 'e Twadde Wrâldoarloch brûkt waard, basearre op it ûntwerp fan it Bowiemês. Yn 'e 1960-er jierren waard in ferzje fan it Bowiemês ûntwikkele mei karteltosken yn 'e boppekant fan it limmet, dy't ynspirearre wie troch it Aircrew Survival Egress Knife fan 'e Amerikaanske Loftmacht. De karteltosken wiene bedoeld om troch de akrylglêzene kap fan in delstoart fleantúch te snijen. Under de Fjetnamoarloch makken sokke messen diel út fan 'e standertútris fan helikopterbemannings fan it Amerikaanske Leger.

In Bowiemês nei it iere ûntwerp fan Rezin Bowie, sûnder clip point of parearstangen.

It histoaryske Bowiemês wie net ien inkeld ûntwerp, mar eins in rige messen, wêrfan't it ûntwerp by de tiid lâns ferbettere waard. It ierste mês, makke troch Jesse Clifft nei in ûntwerp fan Rezin Bowie, liek sterk op 'e doetiidske Spaanske jachtmessen, en wie ek in gewoan slachtersmês net wanlyk. Sa't it letter troch Rezin Bowie beskreaun waard, wie it limmet fan dat mês 91/2 inch (24 sm) lang, 11/2 inch (3,8 sm) breed en 1/4 inch (6,4 mm) tsjûk. It wie iensnedich mei in rjochte boppekant (of rêch) en in ienfâldich, mei klinkneilen befêstige houten hânsel. It hie gjin parearstangen en waard mei dêrom troch tsjûgen omskreaun as "in grut slachtersmês".

De ferbettere ferzje fan James Black hie in limmet dat likernôch 12 inch (30 sm) lang, 2 inch (5,1 sm) breed en 1/4 inch (6,4 mm) tsjûk wie. De boppekant of rêch wie foar likernôch it lêste fjirdepart foar de mêspunt nei binnen ta kromme mei in snijrâne. De rest fan 'e rêch wie oerdutsen mei sêft brûns of sulver, nei't it skynt sadat it mês fan jins tsjinstanner dêr ûnder it gefjocht yn stykjen bliuwe soe. Fierders wie it mês foarsjoen fan brûnzen parearstangen dy't de hân fan 'e mesfjochter beskermen tsjin messlaggen fan tsjinstanners.

De measte lettere ferzjes fan it Bowiemês hiene in stielen limmet fan teminsten 8 inch (20 sm) lang, soms oant wol 12 inch (30 sm) of mear. It limmet hie oer it algemien in relatyf grutte breedte fan 11/2 oant 2 inch (3,8 oant 5,1 sm) en in tsjûkte fan 3/16 oant 1/4 inch (4,8 oant 6,4 mm). Op 'e rêch fan it mês wie soms in stripe sêft metaal ynlein (ornaris brûns of koper). Guon saakkundigen miene dat dat bedoeld wie om ûnder in messegefjocht it wapen fan 'e tsjinstanner yn heakje te litten, wylst oaren fan tinken binne dat it helpe moast de skok fan in messlach op te fangen en sa foarkomme moast dat stiel fan in minne kwaliteit, as dat foar it limmet brûkt wie, daliks briek. De parearstangen hiene faak in licht S-foarm, wêrby't de boppeste parearstange foarút en de ûnderste tebek bûgde, sadat de hân fan 'e mêsfjochter better beskerme waard.

In Bowiemês mei skie.

In hiel dúdlik skaaimerk fan it Bowiemês is de saneamde clip point, dêr't de rêch fan it limmet krekt foar de mêspunt nei binnen ta krommet en in snijrâne kriget. Dêrtroch komt de skerpe mêspunt op ien line te lizzen mei it hânsel, wat de brûker in bettere behearsking oer it mês jout by it dwaan fan stekoanfallen. De clip point is yn 'e regel 1/4 fan 'e lingte fan it hiele limmet. De snijrâne wurdt troch kenners oantsjut as in 'falske snijrâne', mei't it der fan in ôfstân as in snijrâne útsjocht, mar eins sawol skerp as stomp wêze kin. De wichtichste funksje fan 'e clip point is net om skerp te wêzen, mar om in floeiende line te foarmjen fan 'e mêspunt nei de rêch fan it mês. By it Bowiemês fan James Black wie de clip point altyd wol skerp, sadat immen dy't ûnderlein wie yn 'e Jeropeeske foarm fan skermjen it mês brûke koe foar in technyk dy't de back cut of back slash hiet.

Guon iere Bowiemessen hiene fierder oan 'e basis fan 'e snijkant fan it limmet, deunby de parearstangen, in ynkerving dy't bekendstiet as de Spanish notch. Men woe faak hawwe dat dy bedoeld wie om it mês fan in tsjinstanner yn fêstheakje te litten, mar guon ûndersikers fan Bowiemessen hâlde út dat de Spanish notch dêr eins net geskikt foar is. Sy tinke dat de ynkerving ynstee bedoeld wie as in stikje ark foar it losmeitsjen fan sine by it slachtsjen en foar it reparearjen fan touwen en netten. It is ek mooglik dat de Spanish notch brûkt waard as referinsjepunt by it slypjen fan it mês of as punt om 'e spanning fan it limmet te ûntladen as it mês brûkt waard.

It Bowiemês yn 'e popkultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bowiemês spile al yn 'e njoggentjinde iuw in rol yn 'e literatuer, lykas wurken fan auteurs as Harriet Beecher Stowe, Mark Twain, Charles Dickens en Jules Verne. Ien fan 'e bekendste passaazjes mei in Bowiemês is de klimaktyske sêne yn 'e horrorroman Dracula, fan 'e Ierske skriuwer Bram Stoker, út 1897, wêryn't de Amerikaanske aventoersman Quincey Morris de fampier greve Dracula mei in Bowiemês yn it hert stekt, wylst de Ingelsman Jonathan Harker him mei in kukri de kiel trochsnijt. Ek yn films as First Blood (better bekend as Rambo), út 1982, en Crocodile Dundee (1986) spile it Bowiemês in wichtige rol. De ferneamde Britske sjonger David Bowie (berne as David Robert Jones) naam de artystenamme 'Bowie' oan nei it mês, om't it, yn syn eigen wurden, "fan twa kanten snijt."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.