Burnu Acquanetta | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Burnu Acquanetta | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 juny 1921 | |
berteplak | Cheyenne (Wyoming) | |
stoarn | 16 augustus 2004 | |
stjerplak | Ahwatukee (Arizona) | |
etnisiteit | Noardlik Arapaho | |
jierren aktyf | 1942 – 1953 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Burnu Acquanetta (Cheyenne (Wyoming), 17 juny 1921 – Ahwatukee (Arizona), 16 augustus 2004) wie in Amerikaansk aktrise fan etnysk Arapaho-komôf. Hja waard bekend troch har rollen yn B-films út 'e 1940-er en 1950-er jierren, en krige fanwegen har eksoatyske skientme de bynamme taparte fan the Venezuelan Volcano ("de Fenezolaanske Fulkaan"). Har meast ferneamde rol hie se yn Tarzan and the Leopard Woman, út 1946.
Acquanetta har komôf is net alhiel dúdlik. Neffens de offisjele ferzje waard hja yn 1921 berne yn Cheyenne, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Wyoming, as de dochter fan Yndiaanske âlden dy't ta de Noardlike Arapaho Stamme hearden. Doe't se twa jier âld wie, kaam hja as weesbern koarte tiid by in oar gesin yn 'e hûs, foar't hja oannommen waard troch in keunstsinnich troud pear, William en Julia Davenport, dy't har grutbrochten oant se op har fyftjinde besleat om op harsels te wenjen.
Oare (ûnbefêstige) ferhalen wolle hawwe dat se yn Ozone, yn Wyoming, of yn Norristown, yn Pennsylvania, berne waard, en dat har bertenamme Mildred Davenport wie. Ek wurdt der wol sein dat se Afro-Amerikaansk bloed hie njonken of yn pleats fan har Yndiaanske komôf. Neffens gegevens út 'e Amerikaanske folkstelling fan 1940 hie Acquanetta yn elts gefal fiif bruorren en susters, mar oft dat folle, heal- of pleechbruorren en -susters wiene, is ûnbekend. Dêrûnder wie ien suster, Kathryn Davenport, wylst ien fan 'e fjouwer bruorren in Horace Davenport wie, dy't neffens de Oarder fan Abbekaten fan Pennsylvania de earste Afro-Amerikaanske rjochter fan Montgomery County wie.
Acquanetta sette har karriêre yn New York útein as model. Yn 1942 tekene se in kontrakt mei de foaroansteande filmstudio Universal Studios, wêrnei't se ferskate jierren inkeld yn B-films aktearre, wêrûnder Arabian Nights (1942), Rhythm of the Islands (1942) en Dead Man's Eyes (1944).[1] Yn Captive Wild Woman (1943) en Jungle Woman (1944), wêryn't Universal besocht om in froulik meunster te skeppen, fertolke se de rol fan 'e 'Aapfrou'. Nei't har kontrakt mei Universal yn 1944 ôfrûn, tekene Acquanetta by Monogram Pictures, mar krige dêr gjin rollen taparte. Dêrom stapte se nei in jier al oer nei RKO Pictures, dêr't se yn 1946 har iennichste rol krige yn in grutte Hollywood-produksje, Tarzan and the Leopard Woman. Hja spile yn dy film de hegepreesteresse Lea. Neitiid wurke se noch mei oan in pear B-films, The Sword of Monte Cristo en Lost Continent (beide út 1951).
Yn 1948 krige Acquanetta in soan út har houlik mei de Meksikaanske miljonêr Luciano Bashuk. It jonkje waard Sergio neamd, mar kaam yn 1952 mei fjouwer jier al te ferstjerren. Dat wie nei't Acquanetta en Bashuk yn 1950 by in fjochtskieding útinoar gien wiene en Acquanetta har rjochtsaak tsjin har eks-man ferlern hie (wêrby't se oanspraak makke op 'e helte fan syn jild), om't se gjin troubewiis produsearje koe. Nei't se noch yn 1950 wertroud wie mei de keunstskilder en yllústrator Henry Clive, sette Acquanetta har wer oan it aktearjen.
Yn 1953 kearde Acquanetta lykwols de filmyndustry foargoed de rêch ta. Hja waard discjockey by in radiostasjon yn Los Angeles, mar nei't se letter foar de trêde kear troud wie, no mei de autoferkeaper Jack Ross, ferfear se mei him nei Mesa, yn 'e steat Arizona. Neitiid wie Acquanetta aktyf yn reklamespotsjes op 'e pleatslike tillefyzje foar de autosaak fan har man, en teffens presintearre se letter in eigen praatprogramma op deselde tillefyzjestjoerder, dat Acqua's Corner hiet en dêr't se freedtejûns de wyklikse film mei ynlate.
Acquanetta en Ross wiene pleatslike notabelen, dy't û.m. finansjeel bydroegen oan 'e bou fan it Lutherske Sikehûs fan Mesa en de oprjochting fan it pleatslik Stagebrush Teäter. Hja krigen fjouwer bern, mar harren houlik rûn yn 'e 1980-er jierren op 'e non. Acquanetta publisearre yn 1974 by Northland Press yn Flagstaff in poëzijbondel ûnder de titel The Audible Silence ("De Hearbere Stilte"), yllústrearre troch Emilie Touraine. Yn 1987 ferkocht Acquanetta de ruïnes fan Mesa Grande, dy't op har lân leine, oan 'e gemeente Mesa.
Op jierren rekke Acquanetta oanhelle mei de sykte fan Alzheimer. Yn 2004 stoar hja yn 'e âlderdom fan 83 jier yn it fersoargingstehûs Hawthorn Court, te Ahwatukee yn Arizona, oan 'e gefolgen fan dy krupsje.
jier | film/searje | rol | opmerkings |
---|---|---|---|
1942 | Arabian Nights | Ishya | net fermeld op 'e ôftiteling |
1943 | Rhythm of the Islands | Luani | as Burnu Acquanetta |
Captive Wild Woman | Paula Dupree (de Aapfrou) | ||
1944 | Jungle Woman | Paula Dupree (de Aapfrou) | |
Dead Man's Eyes | Tanya Czoraki | ||
1946 | Tarzan and the Leopard Woman | Lea, de hegepreesteresse | |
1951 | The Sword of Monte Cristo | Felice | |
Lost Continent | lânseigen famke | ||
Callaway Went Thataway | lânseigen famke | net fermeld op 'e ôftiteling | |
1953 | Take the High Ground! | servearster | net fermeld op 'e ôftiteling |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |