Callie Thorne

Callie Thorne
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Calliope Thorne
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 novimber 1969
berteplak Boston (Massachusetts)
etnisiteit Armeensk
Ingelsk
jierren aktyf 1996 – no
offisjele webside
Callie Thorne op Twitter

Callie Thorne (folút: Calliope Thorne; Boston, 20 novimber 1969) is in Amerikaansk aktrise, dy't benammen bekend wurden is troch har rol as psychologe Dani Santino yn 'e tillefyzjesearje Necessary Roughness. Oare bekende rollen hie se yn 'e searjes Homicide: Life on the Street, Rescue Me en The Wire.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thorne waard yn 1969 berne yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, en is fan mingd Armeensk en Ingelsk etnysk komôf. Hja studearre toaniel en toanielliteratuer oan it Wheaton Kolleezje yn Norton (Massachusetts) en oan it Lee Strasberg Teäter- en Filmynstitút yn New York.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thorne makke yn 1996 har debút as aktrise yn 'e romantyske komeedzje Ed's Next Move. Yn 1997 en 1998 hie se de fêste rol fan resjersjeur Laura Ballard yn 'e plysjesearje Homicide: Life on the Street, en dyselde rol fertolke se ek yn 'e út dy searje fuortkommende tillefyzjefilm Homicide: The Movie (2000). Neitiid hie se byroltsjes yn in hiele rige B-films, lykas Turbulence (1997), Next Stop Wonderland (1998), Whipped (2000), Sidewalks of New York (2001), Hysterical Blindness (2002), Analyze That (2002), Strangers with Candy (2005), The F Word (2005), Delirious (2006), Watching the Detectives (2007) en Nice Guy Johnnie (2010).

Op 'e tillefyzje hie Thorne fan 2002 oant 2008 in weromkearende rol as Elena McNulty yn tolve ôfleverings fan 'e searje The Wire. Oare weromkearende rollen hie se yn trije ôfleverings fan Law & Order: Special Victims Unit (as Nikki Staines), yn fiif ôfleverings fan 'e sikehûssearje ER (as Jodie Kenyon) en yn acht ôfleverings fan Prison Break (as Pam Mahone). Gastrollen ferfolle Thorne û.m. yn 'e searjes Ed, Third Watch, Law & Order, Royal Pains, Californication en NCIS: New Orleans.

Fan 2004 oant 2012 hie Thorne fierders in fêste rol as Sheila Keefe yn 'e searje Rescue Me. Har trochbraak folge lykwols pas yn 2011, doe't se úteinsette mei har fertolking fan 'e rol fan sportpsychologe Dani Santino yn 'e searje Necessary Roughness, oer it wol en wee fan 'e organisaasje efter in Amerikaansk fuotbaltiim. Foar dy rol waard se nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste aktrise, en yn 2012 wûn se der in Gracie Allen Award foar yn 'e kategory 'treflike aktrise yn in haadrol yn in dramasearje'. Yn 2015 en 2016 hie Thorne fierders in fêste rol yn it twadde seizoen fan 'e plysjesearje The Mysteries of Laura.

Thorne hat ek op 'e planken stien, bygelyks yn 1999 yn it off-Broadway-toanielstik The Country Club. Yn 2005 spile se mei Eric Bogosian en Sam Rockwell yn it stik The Last Days of Judas Iscariot, dat regissearre waard troch Philip Seymour Hoffman.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.