Dalen | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Drinte |
Gemeente | Coevorden |
Sifers | |
Ynwennertal | 3.930 (2020) |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 52°42′ NB 6°45′ EL |
Webside | www.dalen.nu |
Dalen (Nedersaksysk: Daol'n) is in iesdoarp en in eardere gemeente yn it suden fan de Nederlânske provinsje Drinte benoarden de stêd [Coevorden. Op 1 jannewaris 2004 hie it doarp likernôch 3470 ynwenners. By de gemeentlike weryndieling fan 1998 waard de gemeente Dalen by de gemeente Coevorden foege.
De namme Dalen komt foar it earst foar yn in list fan opbringsten oan it kapittel fan de Dom fan Utert út 1225. De âldste offisjele oarkonden, dêr't de namme Dalen yn foarkomt, komme fan 1276. Yn 1976 fierde Dalen dêrom syn 700-jierrich bestean, ûnder oanfiering fan de doetiidske boargemaster Ivo Opstelten. De âldste oarkonden neame dat yn it jier 1276 Hindrikus fan Borculo, boarchgreve fan Coevorden, útspraak dwaan moast yn in skeel tusken it kleaster fan Assen en de ynwenners fan Dalen.
Nei iuwen fan rêstige tiden, rekke Dalen belutsen yn de strideraasjes yn de Tachtichjierrige Kriich en mei de ynfallen fan de Múnsterske legers. Om't Dalen net fier fan de fêstingsstêd Coevorden ôf lei, rekke it ek tige belutsen yn de strideraasjes tsjin de Frânsken ûnder Napoleon Bonaparte. De Frânske bûkten Dalen om harren oanfallen op Coevorden ta te rieden. Yn 1816, justjes nei de Frânske tiid, wie der in grutte brân yn it doarp dat 7 wenhûzen en12 skuorren ferwoaste.
Dalen hie fan oarsprong in agrarysk karakter, mar is yn de rin fan de jierren feroare. Om't Coevorden en Emmen útgroeid binne ta yndustriële plakken, woeks Dalen út ta in forinzegemeente waard. Ek op toeristysk een rekreatyf mêd kaam Dalen mear yn de belangstelling.
Dalen wie oant 1 jannewaris 1998 it haadplak fan de gemeente Dalen. Dy gemeente omfieme njonken it doarp Dalen ek de doarpen Dalerpeel, Dalereveen, Nieuwlande (foar in part), Stieltjeskanaal en Wachtum. Yn 1884 waard Schoonebeek, dat oant doe in part fan de gemeente Dalen wie, in eigen gemeente. Ta ûnfrede fan de befolking makket de gemeente Dalen sûnt 1 jannewaris 1998 diel út fan de gemeente Coevorden.
Dalen hie in lytse Joadske mienskip. Yn 1942 waarden fan de sechtjin Joadske ynwenners fan Dalen der trettjin fuortfierd en fermoarde. By de Joadske begraafplak fan Dalen stiet in monumint ta neitins.
Dalen leit yn in gebiet dat him skaaimerket troch iezen en it oanmeitsjen fan feangrûn. By it doarp del rint it Drostendiep. Besúdeasten fan it doarp leit it rekreaasjesintrum De Huttenheugte fan Center Parcs. Ek is der sûnt 2010 it temapark Plopsa Indoor Coevorden njonken de Huttenheugte.
Dalen leit oan de N34 en oan de spoarline Swol-Emmen. Dalen hat ek in stasjon, dy't treinen ienris yn 't oere oandogge.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dalen fan Wikimedia Commons. |
Coevorden | ||
---|---|---|
Stêd: Coevorden | ||
Doarpen: Aalden • Achterste Erm • Benneveld • Dalen • Dalerpeel • Dalerveen • De Kiel • Diphoorn • Eldijk • Erm • Gees • Geesbrug • 't Haantje • Holsloot • Langerak • Meppen • Nieuwe Krim • Nieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · Oosterhesselen • Schoonoord • Sleen • Steenwijksmoer • Stieltjeskanaal • Veenhuizen • Wachtum • Wezup • Wezuperbrug • Zweeloo • Zwinderen | ||
Buorskippen: Ballast • De Haar • De Mars • Den Hool • Kibbelveen • Klooster • Padhuis • Pikveld • Schimmelarij • Vlieghuis • Weijerswold | ||
· · |