Dszingisz Gabor | ||
politikus | ||
echte namme | Jenö Dszingisz Gabor | |
nasjonaliteit | Hongaarsk Nederlânsk | |
bertedatum | 14 maart 1940 | |
berteplak | Győr (Hongarije) | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
partij | CDA | |
lid fan de Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1994 – 1998 | |
Nederlânsk steatssiktaris fan Lânbou, Natoerbehear en Fiskerij | ||
amtsperioade | 1990 – 1994 | |
foargonger | Ad Ploeg | |
opfolger | Geke Faber | |
boargemaster fan Haaksbergen | ||
amtsperioade | 1983 – 1990 | |
foargonger | Ton Stadhouders | |
opfolger | Hans van Agt | |
lid fan de Provinsjale Steaten fan Súd-Hollân | ||
amtsperioade | 1978 – 1983 | |
lid fan de gemeenterie fan Woerden | ||
amtsperioade | 1974 – 1978 |
Dzsingisz Gabor (útspr.: ['ʤɪnɡɪs ga'bɔr], "dzjingis gabor"; folút: Jenö Dszingisz Gabor; Győr, 14 maart 1940) is in Nederlânsk politikus en bestjoerder fan Hongaarsk komôf. Hy kaam nei de Hongaarske Opstân fan 1956 as flechtling yn Nederlân oan en wurke him fia de amtnerij op ta boargemaster fan Haaksbergen en letter steatssiktaris fan Lânbou yn it trêde kabinet-Lubbers. Nei noch in termyn sit hân te hawwen yn 'e Twadde Keamer wie Gabor fan 1998 ôf wurksum as diplomaat. Nei syn pinsjonearring wied er aktyf as bestjoerder.
Gabor waard yn 1940 berne yn it Hongaarske Győr. Syn heit wie learaar Gryksk yn it middelber ûnderwiis, doe rektor fan in gymnasium en teffens in hoart gastheechlearaar Poalske literatuer oan 'e Universiteit fan Krakau. Nei't yn 1948 de kommunisten yn Hongarije oan 'e macht kommen wiene, waard er lykwols út syn funksjes set, en wied er arbeider yn 'e swiere yndustry en by de spoarwegen, mynwurker en deagraver. Gabor sels folge leger ûnderwiis op ferskate skoallen yn Hongarije. Doe't yn 1956 de Hongaarske Opstân troch Sovjet-troepen yn bloed smoard waard, flechte Gabor mei syn mem nei it Westen, en kaam telâne yn Nederlân.
Gabor koe goed talen leare, dat hy krige it Nederlânsk al rillegau yn 'e macht. Behalven Nederlânsk en Hongaarsk sprekt er ek Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Russysk en Poalsk. Fan 1956 oant 1959 folge er de HBS oan it Roomsk-Katolike Canisiuskolleezje yn Nimwegen. Oanslutend studearre er oant 1966 ynternasjonaal bestjoersrjocht en ekonomy oan 'e Katolike Hegeskoalle Tilburch. Yn 1968 liet er him naturalisearje ta Nederlanner, en op 10 septimber fan dat jier troude er yn Veenendaal mei Carla Koomen, dy't letter foar it CDA yn 'e Provinsjale Steaten fan Oerisel siet. Mei har krige er twa dochters.
Fuort nei syn ôfstudearjen fûn Gabor wurk as amtner by it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Dêr wurke er oant 1971 op 'e ôfdieling Skipsbou, en doe in jier op it direktoraat-generaal fan Yndustry en Hannel. Fan 1972 oant 1975 wied er amtner op 'e ôfdieling Ekonomyske Saken fan 'e gemeente De Haach, en fan 1975 oant 1978 hied er by dy gemeente de funksje fan ûndersykskoördinator. Dêrnei wie er oant 1982 de sjef kabinet fan 'e boargemaster fan De Haach en doe oant 1983 haad fan 'e ôfdieling Ekonomyske Saken.
Underwilens siet Gabor fan 1974 oant 1978 foar de KVP yn 'e gemeenterie fan Woerden, wêrnei't er fan 1978 oant 1983 foar deselde partij en letter foar it CDA sit hie yn 'e Provinsjale Steaten fan Súd-Hollân. Fan 1981 oant 1983 wied er boppedat foarsitter fan 'e CDA-fraksje yn 'e Súdhollânske Steaten. Op 16 novimber 1983 waard Gabor beneamd ta boargemaster fan 'e Twintske gemeente Haaksbergen, in funksje dy't er oant 1990 ferfolje soe.
Nei it twongen opstappen fan minister Gerrit Braks tsjinne Gabor fan 28 septimber 1990 oant 22 augustus 1994 yn it trêde kabinet-Lubbers as steatssiktaris fan Lânbou, Natoerbehear en Fiskerij, wêrby't er belêstge wie mei natoerbehear en bistewolwêzen. Yn dy hoedanichheid lei er û.m. it ljipaaisykjen oan bannen. Nei syn steatssiktariaat wie Gabor noch fjouwer jier (oant 1998) in net botte opfallend lid fan 'e CDA-fraksje yn 'e Twadde Keamer. Dêrnei seid er de Nederlânske polityk farwol.
Ynstee naam er in diplomatike funksje oan as lânbouried op 'e Nederlânske ambassade yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest, mei as wurkgebiet Hongarije, Kroaasje, Bosnje-Hertsegovina, Joegoslaavje en Masedoanje. Dy funksje ferfolle er ferskate jierren foar't er weromkearde nei Nederlân. Yn juny 2008 waard Gabor bestjoersfoarsitter fan 'e Flechtlinge-organisaasjes Nederlân (VON).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |