Fort Qu'Appelle | ||
It âlde spoarstasjon, sûnt 1978 yn gebrûk as besikerssintrum. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Steat | Saskatchewan | |
Plattelânsgem. | North Qu'Appelle | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.919 (2006) | |
Oerflak | 5,3 km² | |
Befolkingsticht. | 363,2 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1864 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 50°45′56″N 103°47′25″W | |
Offisjele webside | ||
www.fortquappelle.com | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Fort Qu'Appelle yn Saskatchewan.
|
Fort Qu'Appelle (útspr.: [fɔɹt kǝ'pɛl]; Assiniboin: Hókuwa O’įnažį, útspr.: [ho:'kuwa o'ʔĩ:naʒĩ]) is in stedsje (town) yn 'e plattelânsgemeente North Qu'Appelle, yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. It leit yn 'e Delling fan de Qu'Appelle, likernôch 70 km noardeastlik fan 'e stêd Regina, en hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2006 doe goed 1.900 ynwenners.
De namme fan Fort Qu'Appelle komt fan 'e rivier de Qu'Appelle, wêrfan't de (Frânske) namme betsjut: "wa't ropt". Dat komt wer fan 'e namme dy't de rivier yn 'e taal fan 'e Kry-Yndianen hat: Kahtepwas, "de rivier dy't ropt".
It hjoeddeistige Fort Qu'Appelle is it trêde plak dat sa hjit. It earste wie in hannelspost fan 'e Noardwestlike Kompanjy, ek yn 'e Delling fan 'e Qu'Appelle, mar deunby de grins mei Manitoba, dy't bestie fan 1801 oant 1805. It twadde wie in hannelspost fan 'e Hudsonbaaikompanjy benoarden it hjoeddeistige Whitewood, dy't bestie fan 1813 oant 1819. It tsjintwurdige Fort Qu'Appelle giet werom op in trêde hannelspost, dy't yn 1852 troch de Hudsonbaaikompanjy stifte waard op it krúspunt fan ferskate histoaryske rûtes (trails) troch westlik Kanada. De post rekke nei 1854 tsien jier lang yn ûnbrûk, mar waard yn 1864 nij libben ynblaasd.
Yn dyselde snuorje waard der in missypost fan 'e Anglikaanske Tsjerke stifte, dy't noch oerlibbet yn 'e foarm fan 'e Anglikaanske Jehannes de Evangelisttsjerke fan Fort Qu'Appelle. Oant 1911, doe't de hannelspost einlings opheft waard, wie Fort Qu'Appelle in moetingsplak foar de lânseigen Kry (Cree) en Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe) en de Kanadeeske autoriteiten. Sadwaande wie der ek in kantoar fan 'e RCMP (better bekend as de Mounties) fêstige. Om 1880 hinne naam de kolonisaasje fan 'e krite om Fort Qu'Appelle hinne fêste foarmen oan, doe't blanke boeren de prêrje ûntgûnen om nôt en oare lânbougewaaksen te ferbouwen.
Sûnt 1963 hat de plattelânskrite om Fort Qu'Appelle hinne te lijen hân ûnder in stadige befolkingskrimp, dy't makke hat dat in protte sosjale fersjennings (ûnderwiis, winkels, sûnenssoarch, tsjerke), dy't foarhinne yn 'e doarpen beskikber wiene, no yn gruttere plakken lykas Fort Qu'Appelle konsintrearre binne. Oan 'e oare kant hat it toerisme foar nije ympulsen soarge, mei de opkomst fan û.m. wintersporten as skyen, dêr't men foar yn 'e heuvels besuden it stedsje telâne kin.
Fort Qu'Appelle hat in lânklimaat dat niget nei in steppeklimaat, mei mylde simmers en stange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 24,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –10,6 °C. Rekôrtemperatueren wiene 38,5 °C yn 'e simmer fan 1988 en –42 °C yn 'e winter fan 1983. Der falt jiers yn Fort Qu'Appelle trochinoar 452,5 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 111,9 sm snie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |