It Gealtsje | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Nattergalen | |
auteur | Hans Christian Andersen | |
taal | Deensk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1843, Kopenhagen | |
oarspr. útjwr. | C.A. Reitzels Forlag | |
bondel | Nye Eventyr | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Gealtsje | |
publikaasje | 1943, Assen | |
útjouwer | Van Gorcum & Co. | |
oersetter | Douwe Tamminga |
It Gealtsje, yn it oarspronklike Deensk: Nattergalen, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1843, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr ("Nije Mearkes"), yn 'e mande mei trije oare mearkes (De Ingel, De Frijers en It Unsjogge Pykje).
Andersen waard ta it skriuwen fan It Gealtsje ynspirearre troch de operasjongster Jenny Lind (1820-1887), dy't bekendstie as "it Sweedske Gealtsje", en foar wa't er in hopeleaze, ûnbeäntwurde leafde opfette. It Gealtsje is ien fan Andersen syn bekendere mearkes, dat adaptearre is ta in ferskaat oan oare media, lykas opera, ballet, musikal, tillefyzje en animaasje. It waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.
De keizer fan Sina komt oan 'e weet, út in boek dat troch in bûtenlanner oer syn lân skreaun is, dat it alderprachtichste oan syn treflike hof de sang fan it gealtsje is dat oan 'e fierste ein fan syn ûnbidige tún, by de seekant, tahâldt. As er dernei freget, wit net ien fan 'e pommeranten en dignitarissen oan syn hof der wat fan ôf, noch it tsjinstfolk, oant de minste kokenfaam úteinlik fertelt dat se jûns gauris nei it gealtsje harket. Sy liedt it hof nei it bistke ta, en eltsenien is it deroer iens dat it aldertigenste moai sjongt. It gealtsje stimt dermei yn om foar de keizer te sjongen en ek de keizer hat noch nea soks moais heart, dat hy beslút it fûgeltsje finzen te hâlden, sadat er eltse dei fan dy prachtige sang genietsje kin.
Mar as der him út it bûtenlân in mei fûnkelstiennen ynlein meganysk gealtsje presint jûn wurdt, dat like moai sjongt as it echte fûgeltsje, is eltsenien it deroer iens dat dat nòch moaier is, want yn it foarste plak sjocht it der folle kreazer út, en oard wit men teminsten krekt hokker meldijke oft men dêrfan te hearren krije sil; mei it echte gealtsje is dat dochs altiten mar wer ôfwachtsjen. Sa ferliest men de ynteresse yn it echte gealtsje, dat dan syn kâns skoan sjocht en nei de bosk ta ûntkomt.
Mar it meganyske fûgeltsje rekket úteinlik stikken troch slitaazje en hoewol't it wer makke wurdt, binne der ûnderdielen dy't net ferfongen wurde kinne, dat it kin heechút noch mar ien kear yn 't jier brûkt wurde. In stikmannich jierren letter rekket de keizer slim yn 'e minnichte. Sasear sels, dat syn tsjinstfolk mient dat er al stoarn is, en nei syn erfgenamt ta giet en him allinne efterlit. Mar de keizer is noch net alhiel wei, al falt it sykheljen him swier mei't de Dea him op it boarst sit. De Dea ropt alderlei nuvere troanjes op dy't de keizer út 'e fâlden fan syn swiere ferwielene bêdgerdinen wei fertelle oer syn goede en minne dieden, oant er it op 't lêst útskreaut.
De iennichste dy't him heart, is it gealtsje, dat yn 'e beam foar syn finster sitten giet en sa prachtich oer de rêst fan it stille tsjerkhôf sjongt dat de Dea der ûnwennich fan wurdt en op hûs oan giet, en de keizer gewurde lit. Sadwaande betteret de keizer gaueftich wer op. Mei it gealtsje praat er ôf dat dat tenei altemets yn 'e beam foar syn finster sjonge sil en him temûk alle dingen trochdwaan sil dy't yn syn grutte ryk foarfalle, de goede en de ferkearde, dat de keizer bekend komme sil te stean as de wiiste keizer dy't ea libbe hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |