3FM Serious Request | ||
It glêzen Hûs yn Ljouwert 2013 | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
tiid fan it jier | De wike foar krysttiid | |
evenemint | Goeddiedichheid | |
bysûnderheden | ||
bestean | 2004 - No | |
org. troch | 3FM |
3FM Serious Request (meastentiids ôfkoarte ta Serious Request) is in alle jierren weromkearende aksje fan 'e Nederlânske radiostjoerder 3FM wêrby't jild ynsammele wurdt foar it goede doel. Trije dj's litte har seis dagen lang sûnder iten opslute yn in Glêzen Hús earnewêr yn Nederlân. Under de tiid dat se opsletten sitte, draaie se dei en nacht platen, yn ruil foar donaasjes troch de harkers. Fierders wurde by de aksje ek bekende Nederlanners ynset en wurde beskate dingen by opbod ferkocht.
De aksje wurdt sûnt 2004 holden yn 'e wike foar de kryst. Nei de aksje wurdt de Top Serious Request útstjoerd, dêr't alle oanfrege platen noch in kear by draaid wurde. Fan 18 desimber oant 24 desimber 2013 stie it Glêzen Hús yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert.
Fan 2018 ôf waard it glêzen hûs ferfongen troch in kuiertocht, mar yn 2021 waard dizze feroaring wer weromdraait en sitte de de dj's wer yn in glêzen hûs, mar mei dit ferskil dat de dj's no al ite meie. Yn 2020 waard der foar it lêst jild ynsammele foar it Reade Krús. Yn 2021 waard der jild ynsammele foar it Wrâld Natoer Fûns, en yn 2022 wurd it jild ynsammele foar de stifting Het Vergeten Kind.
Jier | Goed doel | DJ's | Lokaasje | Opbringst |
---|---|---|---|---|
2004 | In needhospitaal yn Darfur | Giel Beelen, Wouter van der Goes, Claudia de Breij |
Neude Utert | € 915.955 |
2005 | Berne soldaten yn Kongo | Giel Beelen, Wouter van der Goes, Gerard Ekdom |
Neude Utert | € 2.203.549 |
2006 | Slachtoffers fan lânminen | Giel Beelen, Sander Lantinga, Gerard Ekdom |
Neude Utert | € 2.648.495 |
2007 | Bettere drinkwetterfoarsjenningen | Rob Stenders, Michiel Veenstra, Gerard Ekdom |
Plein De Haach | € 5.249.466 |
2008 | Help oan flechtlingen | Giel Beelen, Coen Swijnenberg, Paul Rabbering |
Grote Markt Breda | € 5.637.937 |
2009 | Weromkringe fan malaria | Giel Beelen, Gerard Ekdom, Annemieke Schollaardt |
Grote Markt Grins | € 7.113.447 |
2010 | Bern dy't har âlden ferlern hawwe oan Aids |
Giel Beelen, Gerard Ekdom, Coen Swijnenberg |
Markt Eindhoven | € 7.471.000 |
2011 | Memmen dy't skansearre binne troch oarloch en konflikten |
Timur Perlin, Gerard Ekdom, Coen Swijnenberg |
Beestenmarkt Leien | € 8.621.004 |
2012 | Werombringe fan poppestjerte | Giel Beelen, Gerard Ekdom, Michiel Veenstra |
Oude Markt Ynskedee | € 13.839.731 |
2013 | Omtinken foar bern dy't stjerre troch diarree |
Giel Beelen, Paul Rabbering, Coen Swijnenberg |
It Saailân Ljouwert | € 12.302.747 |
2014 | Famkes en froulju dy't slachtoffer binne fan seksueel geweld yn konfliktgebieten |
Domien Verschuuren, Gerard Ekdom, Coen Swijnenberg |
Grote Markt Haarlim | € 12.000.438 |
2015 | Jongerein yn oarlochsgebieten | Domien Verschuuren, Giel Beelen, Paul Rabbering |
Pancratiusplein Hearlen | € 8.671.288 |
2016 | Werombringen fan stjerte troch longûntstekking |
Domien Verschuuren, Frank van der Lende |
Grote Markt Breda | € 9.257.000 |
2017 | Famyljes dy't inoar út it each ferlern binne wer byinoar bringe |
Domien Verschuuren, Angelique Houtveen, Sander Hoogendoorn |
Marktplein Apeldoorn | € 5.341.385 |
2018 | It rêden fan libbens | Sander Hoogendoorn & Eva Koreman, Jorien Renkema & Rob Janssen, Mark van der Molen & Rámon Verkoeijen |
Gjin glêzen hûs, der waard kuiere fanôf Flylân, Weert en Hengelo |
€ 1.308.889 |
2019 | Help oan slachtoffers fan minskehannel |
Sander Hoogendoorn & Herman Hofman, Mark van der Molen & Jorien Renkema, Eva Koreman & Frank van der Lende |
Gjin glêzen hûs, der waard kuiere fan Goes nei Grins |
€ 1.418.513 |
2020 | Medyske help yn de coronakrisis | Frank van der Lende & Eva Koreman, Sander Hoogendoorn & Sophie Hijlkema, Rob Janssen & Wijnand Speelman en Alfie |
Gjin glêzen hûs, de dj's sieten yn in hangar op it fleanfjild Twinte |
€ 1.601.923 |
2021 | Reinwâlden yn Súd-Amearika beskermje en werstelle |
Rob Janssen, Frank van der Lende, Sander Hoogendoorn Jorien Renkema |
Oliemolenhof Amersfoart | € 2.000.183 |
2022 | Stifting Het Vergeten Kind | Rob Janssen, Barend van Deelen, Sophie Hijlkema |
De Nieuwe Stad Amersfoart | € 2.345.107 |
2023 | Stifting ALS Nederlân | Sophie Hijlkema Wijnand Speelman Barend van Deelen |
Grote Markt Nimwegen |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Serious Request fan Wikimedia Commons. |