Foppe de Haan

Foppe de Haan
Foppe de Haan
Foppe de Haan
persoanlike bysûnderheden
namme Foppe de Haan
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 juny 1943
berteplak Lippenhuzen
etnisiteit Frysk
klupskiednis
posysje linker middenfjilder / oanfaller
jeugdteams
1956-1957
1957-1961
SV THOR
GAVC
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1961-1963
1963-1965
1965-1968
1968-1970
1970-1973
1973-1974
GAVC
SK It Hearrenfean
GAVC
VV Zuid Eschmarke
VV Akkrum
Enschedese Boys
? (?)
? (?)
? (?)
? (?)
? (?)
? (?)
trainer by
1974-1978
1976-1977
1977-1980
1980-1983
1983-1985
1985-1988
1992-2004
2004-2009
2009-2010
2011
2015-2016
VV Akkrum
SK It Hearrenfean (jeugd)
Drachtster Boys
ACV
VC Stienwyk
SK It Hearrenfean
SK It Hearrenfean
Jong Oranje
Ajax Cape Town
Tûvalû
SK It Hearrenfean

Foppe de Haan (Lippenhuzen, 26 juny 1943) is in Fryske fuotbaltrainer dy't fan july 1985 oant juny 2004 trainer wie by SK It Hearrenfean.

De Haan waard berne as soan fan de weinmakker Reinder de Haan, syn mem wie Tjimkje Woude. Hy folge oan it CIOS in oplieding ta gymnastykûnderwizer. Sels spile De Haan by ferskate amateurklubs, mar ek in skofke foar SK It Hearrenfean. Fan 1974 ôf begûn hy as trainer fan ferskate klubs, earst by amateurklubs, letter foar likernôch 20 jier by SK It Hearrenfean.

Yn 2005 stifte De Haan it Foppe Fûns, in goed doel foar it stimulearjen fan sport by lytse bern.

SK It Hearrenfean

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Haan wie as jeugdspiler en amateur al ferbûn oan it Hearrenfean. Sûnt 1985 makket hy diel út fan de technyske stêf by SK It Hearrenfean. Hy wie fan 1985 oant 1988 haadtrainer. Yn dy funksje waard De Haan opfolge troch Frits Korbach. De Haan krige doe de funksje technysk direkteur. Doe't Korbach yn 1992 It Hearrenfean ferliet, naam Foppe de Haan de funksje fan haadtrainer wer op him.

Foppe helle yn syn twadde perioade as haadtrainer fan It Fean wichtige resultaten. Sa wist hy yn 1993 en 1997 de finale fan de KNVB-beker te berikken, beide kearen waard ferlern. Yn 1993 fan Ajax en yn 1997 fan Roda JC. It Hearrenfean helle foar it earst yn harren skiednis Jeropeesk fuotbal ûnder lieding fan De Haan. Dit barde yn it seizoen 1997/1998. Yn totaal helle hy fjouwer kear Jeropeesk fuotbal. Yn it seizoen 1999/2000 waard sels de Champions League berikt.

Oan it begjin fan it seizoen 2003/2004 kundige er oan dat hy as trainer ophâlde soe. Op 2 jannewaris 2004 makke it bestjoer bekend dat Gertjan Verbeek, dy't earder al diel útmakke hat fan de technyske stêf by fan de klup, Foppe de Haan opfolgje sil.

Nei't De Haan It Hearrenfean yn 2004 ferliet, waard er trainer yn tsjinst fan de KNVB. Hy waard de nije trainer fan Jong Oranje.

It earste wapenfeit fan De Haan by Jong Oranje wie it winnen fan it Jeropeesk Kampioenskip ûnder 21. It wie ek syn earste echte priis. It barde allegear yn de simmer fan 2006 yn Portegal. Nea wûn in Hollânske jongereinploech fan dy jierren in ynternasjonaal toernoai. Ek it berikken fan de finale wie noch nea earder bard.

In jier letter waard it Jeropeesk Kampioenskip foar Jong Oranje yn Nederlân hâlden. Nei in minne tarieding koe de ploech dochs goed foar de dei te kommen op it toernoai. De earste twa wedstriden, tsjin Jong Israel; (1-0) en Jong Portegal (2-1) waarden wûn, wat betsjut dat Nederlân foar it earst sûnt 1952 wer in jongereinploech nei it Olympyske Spullen stjoere mocht. De tredde wedstriid yn de poelfase einiget yn 2-2 tsjin Jong Belgje.

As poelwinner gie de ploech troch nei de heale finale. Dêr moast Nederlân tsjin Jong Ingelân útkomme. De wedstriid einiget nei 90 minuten yn 1-1, wêrnei't yn in lange strafskoppensearje Oranje de beste wie. Mei de strafskoppensearje easket De Haan alle omtinken op. Nei tsien strafskoppen stjoerde Ingelân in spiler nei foaren dy't al ien naam hie, ynstee fan Steven Tayler, dy't noch komme moast. Dêrop stode De Haan it fjild yn, om de skiedsrjochters dêrop te wizen. De Haan krige in giele kaart foar dy aksje, mar ek syn sin.

Yn de finale moast spile wurde tsjin Servje. Yn de Euroborg yn Grins waard de finale tsjin spile. De wedstriid einige yn in 4-1 oerwinning fan Jong Oranje. Foar it earst yn de skiednis wûn in ploech dy't it toernoai organisearre.

De neikommende edysje fan it Jongerein EK yn 2009 yn Sweden waard net helle. Dêrop krige De Haan in nije funksje by de KNVB. Hy waard de tafersjochhâlder en koördinator fan de fertsjintwurdjengde alvetallen fan de KNVB, wêrûnder Jong Oranje. Under syn lieding kaam ûnder oare Nederlân B werom, mei as haadtrainer Johan Neeskens. Nei in pear wedstriden is dy ploech wer ferdwûn.

De Haan hâlde yn de simmer fan 2009 op mei syn wurk by de KNVB.

Yn july 2009 waard De Haan jeugdbegelieder by SK It Hearrenfean. It wie de bedoeling om it rêstiger oan te dwaan en net mear alle dagen op it fjild te stean, dy funksje passe yn dat byld. Mar begjin oktober 2009 kamen der geroften dat De Haan de nije trainer wurde soe fan it Súd-Afrikaanske Ajax Cape Town. Yn in reaksje op de berjochten sei er dat de kâns dat hy dêr oan de slach soe grutter wie as 50%.[1] Mar op 15 oktober wurdt bekend dat De Haan definityf nei Ajax Cape Town giet.[2] Foar acht moanne soe er dêr de haadtrainer wêze. By Ajax Cape Town gie De Haan wer mei doelman Hans Vonk gearwurkje, mei wa't er ek al yn syn tiid by SK It Hearrenfean in lange tiid wurke hat.

Op 30 maart 2011 makke Foppe de Haan bekend dat er mei pensjoen gean sil, hy sil dêrom ophâlde as haadtrainer fan Ajax Cape Town. De Haan soe werom komme nei Nederlân. [3] Nei't er yn Súd-Afrika krekt net de lânstitel helle hie, waard bekend dat De Haan foar fjouwer wiken bûnstrainer wurde soe fan de ûnôfhinklike eilânnekloft Tûvalû yn de Stille Oseaan. Hy sil it lân tariede op de "Pacific Games". [4]

Ein 2016 waard De Haan oerhelle ôm syn âlde klub It Hearrenfean wêr in skoftke te trainen, nei't trainer Dwight Lodeweges ôm tsjinfallende rizzeltaten ûntslein wie. Hy woe ynearsten mar in pear spullen bliuwe, mar bleau lang om let it hiele seizoen. Nettsjinsteande dat der in pear grutte oerwinningen makke waarden, koe er de klub net heger bringe as de tolfde posysje.

Nederlânsk frouljusfuotbalvetal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de simmer fan 2016 ôf wie De Haan adviseur by it Nederlânsk frouljusfuotbalalvetal. De Haan waard yn jannewaris 2017 assistint fan bûnscoach Sarina Wiegman by it frouljusteam. Yn augustus 2017 wûn er mei it frouljusteam it Europeesk kampioenskip fuotbal yn eigen lân. Dêrnei hold De Haan definityf op.

Wurkpaad as spiler

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurkpaad as trainer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earelist as trainer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foppe de Haan Spurt
  • Der is in Spurt (trein) nei Foppe de Haan ferneamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1], Foppe twivelt oer stap nei Súd-Afrika
  2. [2], De Haan ferfet rinbaan by Ajax Cape Town
  3. Omrop Fryslân - Foppe sil mei pensjoen
  4. [3], De Haan: 4 wike coach Tûvalû