Jaap en de Beanstôk | ||
In yllustraasje fan Arthur Rackham út 1918 yn English Fairy Tales, fan Flora Annie Steel. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Jack and the Beanstalk | |
auteur | J. Roberts | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1734 | |
bondel | Round About Our Coal Fire, or: Christmas Entertainments |
Jaap en de Beanstôk, yn it oarspronklike Ingelsk: Jack and the Beanstalk, is in mearke út 'e folkloare fan Ingelân en Cornwall oer de held Jack (Jaap), dy't yn mear sokke ferhalen foarkomt. Dit is lykwols fierwei it bekendste ferhaal oer dy protagonist. It mearke waard foar it earst optekene yn 1734 en is dêrnei yn ferskate ferzjes publisearre.
Jaap (Jack), in opslûpen jonge dy't op it plattelân yn earmoede opgroeit, giet mei de ko fan syn mem, in widdo, nei de feemerk ta om it bist te ferkeapjen. Underweis moetet er lykwols ien dy't de ko fan him oernimt yn ruil foar in hantsjefol magyske beantsjes. As Jaap dy deunby it boerespultsje fan syn mem plantet (of as, yn oare ferzjes fan it ferhaal, syn mem de dingen lulk út it finster smyt), groeie se yn ien nacht út ta in ûnbidige beanstôk, dy't oant yn 'e wolkens groeit. Jaap beklimt de beanstôk en ûntdekt yn 'e wolkens it kastiel fan in ûnfreonlike reus. Dyselde wurdt Jaap syn oanwêzigens gewaar en ropt út:
Fee-fi-fo-fum! (útspr.: "Fii-faai-foo-fum!")
Ik rûk it bloed fan in Ingelsman.
Mei er libje of mei er dea wêze,
Ik sil syn bonken ta moal mealle om myn brea fan te meitsjen.
Jaap is lykwols snoader as de reus en lit him net fange, wat foar in part te tankjen is oan 'e help dy't de frou fan 'e reus him biedt. Hy wit út it kastiel fan 'e reus in protte guod werom te heljen dat yn it ferline fan syn famylje stellen is, wêrûnder in sek mei goud, in betsjoende goes dy't gouden aaien leit en in magyske goudene harpe dy't út himsels muzyk spilet en derby sjongt. As de reus úteinlik de beanstôk ûntdekt en Jaap efterneiklimt nei ûnderen, kappet Jaap hurd de beanstôk om, sadat de reus tepletter falt dat er it bestjert. Mei alle rykdommen dy't er wûn hat, kinne Jaap en syn mem tenei yn wolfeart libje.
It ferhaal fan Jaap en de Beanstôk is tige âld. Neffens ûndersikers fan 'e Ingelske Universiteit fan Durham en de Portegeeske Nije Universiteit fan Lissabon is it in mearke fan type 328 yn it Aarne-Thompson-klassifikaasjesysteem ("De Jonge Stelt de Skat fan 'e Oger"), dat wierskynlik fan Proto-Yndo-Jeropeeske oarsprong is. As dat wier is, soe it betsjutte dat it ferhaal tusken 4500 f.Kr. en 2500 f.Kr. ûntstien is. Oare mearkes fan itselde type (en dus fan in mienskiplike oarsprong) binne it Italjaanske Trettjind en it Frânske Hoe't de Draak Bedragen Waard.
Jaap (Ingelsk: Jack) is in archetypyske held út 'e Ingelske en Kornyske folkloare. Hy komt foar yn ferskate Jack-ferhalen, mar Jaap en de Beanstôk is dêrfan fierwei it bekendst. De reus hat oer it algemien gjin namme, mar yn in protte toanielstikken dy't op it mearke basearre binne, hjit er fan Blunderbore (fan to blunder, "omknoffelje", en bore, "lompert").
Jaap en de Beanstôk waard yn 1734 foar it earst optekene troch J. Roberts yn syn mearkebondel Round About Our Coal Fire, or: Christmas Entertainments. Yn dat wurk droech it de titel The Story of Jack Spriggins and the Enchanted Bean ("It Ferhaal fan Jack Spriggins en it Betsjoende Beantsje"). Bekender wie de ferzje fan 1807, The History of Jack and the Bean-Stalk, dy't frijwat moralisearjend opskreaun waard troch Benjamin Tabart. It ferhaal waard popularisearre troch Henry Cole, dy't it yn 1845 ûnder syn pseudonym Felix Summerly opnaam yn 'e bondel The Home Treasure. Yn 1890 waard Jaap en de Beanstôk werskreaun troch Joseph Jacobs foar syn English Fairy Tales. It is de ferzje fan Jacobs dy't hjoed de dei it measte printe wurdt, en dy wurdt troch letterkundigen en folkloristen ek beskôge as tichter by de oarspronklike, mûnling oerlevere foarm steand, om't it moralisearjen fan Tabart dêryn ûntbrekt.
It mearke Jaap en de Beanstôk portrettearret in 'held' dy't earne ynbrekt, de sympaty fan 'e frou fan 'e bewenner wit te wekjen, himsels ferstoppet yn oarmans hûs, de bewenner berôvet en as dy him tenei komt om ferhaal te heljen, him ek noch fermoardet. Tabart fiert dêrom yn syn moralisearjende ferzje fan it ferhaal út 1807 in fee op om oan Jaap út te lizzen dat de reus earder Jaap syn heit berôve en fermoarde hie. Op dy wize wurde de dieden fan Jaap behimmele as in foarm fan ferjilding dy't de reus oer himsels ôfroppen hat.
Yn syn ferzje fan it ferhaal joech Jacobs yn 1890 gjin rjochtfeardiging foar it hâlden en dragen fan 'e haadpersoan, om't dat yn 'e ferzje dy't him as bern ferteld wie, ek net foarkaam. Hy hold út dat bern wol witte dat dieverij en moard ferkeard binne sûnder dat har soks yn in mearke bybrocht wurdt, mar dochs joech er in subtile draai fan ferjilding oan it ferhaal troch te neamen dat de reus graach stellen oksen en jonge bern yt.
In protte moderne ynterpretaasjes fan Jaap en de Beanstôk folgje Tabart troch de reus ta smjunt te meitsjen dy't lytsere wêzens terrorisearret en bestelt, sadat Jaap in legitime held wurdt. Sa kriget de reus yn 'e film út 1952 mei Abbott en Costello de skuld fan 'e earmoede oan 'e foet fan 'e beanstôk om't er iten en rykdommen stellen hat. Yn oare ferzjes fan it ferhaal wurdt ymplisearre dat de reus sawol de goes dy't de gouden aaien leit as de selsspyljende harpe fan Jaap syn heit stellen hat. In seldsume útsûndering wie de minysearje Jack and the Beanstalk: The Real Story, út 2001, fan Brian Henson, dy't net allinne net meigiet yn Tabart syn tafoegings oan it ferhaal, mar wêryn't de reus de protagonist en Jaap de antagonist is.
In literêre adaptaasje fan Jaap en de Beanstôk is bgl. Jack and the Wonder Beans, fan James Still út 1977, in Appalachyske fariaasje op it ferhaal. Yn 1982 skreau de Welske berneboekeskriuwer Roald Dahl yn syn Revolting Rhymes in ferzje fan it ferhaal, wêryn't Jaap earst de beanstôk net beklimme wol, en syn mem foar him yn 't plak giet, wêrnei't se opiten wurdt troch de reus. Yn The BFG, in oar wurk fan Dahl, wurdt ek nei Jaap en de Beanstôk ferwiisd, mei't de skriklike reuzen dy't dêryn foarkomme, allegear deabenaud binne fan Jaap en syn freeslike beanstôk, hoewol't net ien fan harren him ea met hat, en se likemin witte wat er mei dy beanstôk docht.
De musical Into the Woods, fan Stephen Sondheim en James Lapine, út 1986, ferfrisselet Jaap en de Beanstôk mei ferskate oare mearkes, wêrûnder Readkapke, Jiskepûster en Rapûnske. Yn 'e film groeit der in twadde beanstôk nei't Jaap de earste omkappe en dêrmei de reus deade hat. De frou fan 'e reus klimt dêrlâns omleech en easket de útlevering fan Jaap, oars sil se it hiele keninkryk platstampe.
Jaap en de Beanstôk is ferskate kearen ferfilme:
Op 'e tillefyzje hawwe ferskate Amerikaanske en Britske tillefyzjesearjes ôfleverings wijd oan Jaap en de Beanstôk, lykas Gilligan's Island, The Goodies, Barney and Friends, Hercules: The Legendary Journeys, The Hughleys, Once Upon a Time en Family Guy. Yn 1983 waard der ek fan Faerie Tale Theatre in ferzje fan it ferhaal fan Jaap en de Beanstôk makke, mei Dennis Christopher as Jaap (Jack), Elliott Gould as de reus, Jean Stapleton as de frou fan 'e reus, en Katherine Helmond as Jaap syn mem. De minysearje Jack and the Beanstalk: The Real Story, waard yn 2001 makke troch Brian Henson. Yn dy ferzje waarden de rollen omdraaid en is Jaap de smjunt en de reus de held.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|