Jane Porter | ||
In iere ôfbylding fan Jane troch James Allen St. John yn 'e earste edysje fan The Beasts of Tarzan, út 1916. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Jane Clayton, boarch- grevinne Greystoke Jane Clayton, grevinne fan Greystoke Jane Parker | |
sekse | frou | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Tarzan | |
geastlike heit | Edgar Rice Burroughs | |
útjouwer | The All-Story (fúljeton) A.C. McClurg (boekfoarm) | |
ûntstean | 1912 |
Jane Porter is in fiktyf personaazje út 'e Tarzan-boeken fan 'e Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. Ek yn 'e adaptaasjes ta oare media dy't dêr letter fan makke binne, lykas films en tillefyzjesearjes, spilet Jane ornaris in wichtige rol. Hja is de grutte leafde fan Tarzan, de oan lianen slingerjende held fan it Afrikaanske oerwâld. Fral harren mei-inoar yn 'e kunde kommen ("Me Tarzan, you Jane") is tige bekend, hoewol apokryf.
Yn 'e romans fan Edgar Rice Burroughs is Porter de efternamme fan Jane. Yn guon fan 'e lettere films wurdt se lykwols om ûndúdlike redens 'Jane Parker' neamd. Yn 'e boeken wurdt Jane, nei har houlik mei Tarzan (dy't ommers eins John Clayton II, boarchgreve Greystoke is) Jane Clayton, boarchgrevinne Greystoke. Lettere, minder kanonike boarnen (yn 't bysûnder de films Greystoke: The Legend of Tarzan, út 1984, en The Legend of Tarzan, út 2016), dy't Tarzan identifisearje as John Clayton III, greve fan Greystoke, wurdt Jane dan Jane Clayton, grevinne fan Greystoke.
Jane Porter is yn 'e Tarzan-romansearje fan Edgar Rice Burroughs in Amerikaanse út Baltimore en de dochter fan perfester Archimedes Q. Porter. Hja bedarret yn Afrika as se mei har heit en de oare leden fan harren ekspedysje strâne rekket op 'e kust fan dat kontinint. Yn lettere films en tillefyzjesearjes wurdt se op ferskate manearen foarsteld, as de dochter fan in Amerikaanske ûntdekkingsreizger dy't har heit op syn ekspedysje beselskippet (lykas yn 'e boeken), mar ek as de dochter fan in Amerikaanske sindeling of as in antropologe dy't op eigen manneboet nei Afrika reizge is. Yn 'e tillefyzjesearje Tarzán, út 'e iere 1990-er jierren, is Jane gjin Amerikaanse, mar in Fransêze.
Yn elts gefal moetet se yn it Afrikaanske oerwâld Tarzan, dy't dêr troch in troep minskapen grutbrocht is nei de dea fan syn âldelju. Yn 'e boeken is er, nettsjinsteande dat er eins in wyld bern foarstelle moat, tige yntelligint en wolsprekkend, mar yn lettere wurken, benammen de films út 'e 1930-er jierren mei Johnny Weissmüller yn 'e titelrol, wurdt Tarzan dêrfoaroer ôfskildere as it archetype fan 'e nommele wylde, dy't mar oer beheinde taal- en spraakfeardichheden beskikt. It sitaat "Me Tarzan, you Jane" ("My Tarzan, do Jane") is wat dat oangiet wrâldferneamd wurden. Eins is dat sitaat apokryf, mei't it yn gjin inkele roman en gjin inkele film foarkomt. De earste moeting fan Jane (dy't hjir Jane Parker hjit) en Tarzan yn 'e film Tarzan the Ape Man, út 1932, soe lykwols de basis foar it apokrife sitaat wêze kinne. Dy moeting ferrint sa:
Jane Parker: Tankewol datst my beskerme hast.
Tarzan: My?
Jane Parker: Ik sei: tankewol datst my beskerme hast.
Tarzan: [wiist nei Jane] My?
Jane Parker: Nee, ik bin allinne mar "My" foar my.
Tarzan: [wiist nei Jane] My.
Jane Parker: Nee. Foar dy bin ik "Do".
Tarzan: [wiist nei himsels] Do.
Jane Parker: Nee… [beprakkesearret it ris eefkes]
Jane Parker: Ik bin Jane Parker. Begrypst wol? Jane. Jane.
Tarzan: [wiist nei Jane] Jane, Jane.
Jane Parker: Ja, Jane. En do? [Tarzan stoarret har oan]
Jane Parker: [wiist nei harsels] Jane.
Tarzan: Jane.
Jane Parker: [wiist nei Tarzan] En do?
Tarzan: Tarzan. Tarzan.
Jane Parker: Tarzan…
Jane keart úteinlik werom nei de Feriene Steaten, wat foar Tarzan oanlieding is om it oerwâld te ferlitten en har te sykjen. Nei't er har weromfûn hat, trouwe se mei-inoar. Jane wurdt letter de mem fan harren soan Jack, dy't de apenamme Korak oannimt. Se libje in skoft op it lângoed Greystoke yn Ingelân, mar keare lang om let werom nei Afrika.
Yn 'e boeken fan Burroughs set Jane útein as in typyske jonkfrou yn need, dy't troch Tarzan rêden wurde moat fan it iene gefaar nei it oare. Geandewei de romansearje ûntjout se har lykwols ta in kompetinte en feardige aventoersfrou dy't goed ûnderwiis genoaten hat en folslein by steat is om harsels te ferdigenjen en steande te hâlden yn it Afrikaanske oerwâld.
Jane Porter ferskynt foar it earst yn it earste boek fan 'e Tarzan-romansearje, Tarzan of the Apes. Dat waard yn 1912 en 1913 foar it earst publisearre as in fúljeton yn it pulpblêd The All-Story, wêrnei't it yn 1914 yn boekfoarm útbrocht waard troch útjouwerij A.C. McClurg. Jane makke dêrnei op 'e nij har opwachting yn:
Yn 'e oare dielen fan 'e searje ûntbrekt se. Jane spilet ek in lytse rol yn The Eternal Lover, in op himsels steande jungle-aventoereroman fan Burroughs út 1925. De dêryn beskreaune foarfallen fine gronologysk plak tusken The Return of Tarzan en The Beast of Tarzan yn. Fierders is Jane de fertelster en protagoniste fan Jane: The Woman Who Loved Tarzan, in roman út 2011 fan Robin Maxwell, dy't autorisearre waard troch de erven Burroughs ta gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean fan Tarzan. Dat boek is eins in frije werfertelling fan Tarzan of the Apes, wêryn't de foarfallen út it perspektyf fan Jane ferteld wurde en it oarspronklike ferhaal op ferskate punten tsjinsprekke.
Yn 'e Tarzan-filmsearje wurdt Jane Porter (soms Jane Parker) spile troch ferskate aktrises.
Jane Porter wie de njoggende prinsesse yn 'e Disney Princess-franchise oant se yn 2009 foargoed ferfongen waard troch Tiana út The Princess and the Frog.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |