Tanya Huff

Tanya Huff
skriuwer
Tanya Huff op it Ohio Valley Filk Festival, yn 2005.
Tanya Huff op it Ohio Valley Filk Festival, yn 2005.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tanya Sue Huff
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 26 septimber 1957
berteplak Halifax (Nij-Skotlân)
etnisiteit Angelsaksysk Kanadeesk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, SF
bekendste
  wurk(en)
Blood-boeken
Keeper's Chronicles
Valor-rige
Enchantment Emporium-rige
útjouwer DAW Books
jierren aktyf 1985 – no
offisjele webside
gjint

Tanya Huff (folút: Tanya Sue Huff; Halifax (Nij-Skotlân), 26 septimber 1957), is in Kanadeesk skriuwster fan in grut oeuvre oan fantasy- en science fiction-romans. Fral op it mêd fan 'e urban fantasy wurdt hja beskôge as ien fan 'e meast foaroansteande auteurs fan Kanada. Ien fan har romanrigen, de Blood-boeken, oer Vicki Nelson, in froulike privee-detektive út Toronto dy't stadichoan almar djipper yn boppenatuerlike foarfallen behelle rekket, waard yn 2007 adaptearre ta in tillefyzjesearje. Mei de Valor-searje hat Huff har ek op it mêd fan 'e militêre science fiction bejûn.

Huff waard yn 1957 berne yn Halifax, yn 'e eastlike Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân, mar se waard grutbrocht yn Kingston, yn 'e sintrale provinsje Ontario. Doe't se tsien jier wie, ferkocht se foar K$10 twa eigenskreaune gedichten oan it regionale deiblêd The Picton Gazette. Fan 1975 oant 1979 tsjinne Huff as kokinne by de marine-ôfdieling fan 'e Kanadeeske Reservestriidkrêften. Yn 1982 behelle se in bachelorstitel foar de radio- en tillefyzjeoplieding fan it Ryerson Polytechnysk Ynstitút yn Toronto.

Neitiid wurke Huff û.m. by Mr. Gameway's Ark, in fideospultsjesarkade yn it sintrum fan Toronto, en oanslutend stie se fan 1984 oant 1992 yn 'e winkel by Bakka, de âldste noch besteande science fiction-boekhannel fan Noard-Amearika, ek yn Toronto. Yn dy acht jier skreau se sels, yn har frije tiid, sân romans en njoggen koarte ferhalen, wêrfan't de measten letter publisearre waard. Hja wie lid fan 'e Bunch of Seven-skriuwersgroep. De earste kears dat Huff oan har proaza fertsjinne, wie yn 1985, doe't se har koarte ferhaal Third Time Lucky foar publikaasje ferkocht oan George Scithers, de haadredakteur fan it tydskrift Amazing Stories.

Yn 1992 ferfear Huff nei trettjin jier yn it sintrum fan Toronto omhúsmanne te hawwen, nei it plattelân fan Ontario. Dêr wennet se hjoed de dei noch, tegearre mei har frou Fiona Patton, dat ek in fantasyskriuwster is, en dêropta seis katten en, sa't se it sels neamt, "by fersin in chihuahua". Yn 2009 wurke hja mei oan 'e dokumintêre Pretty Bloody: The Women of Horror.

Huff wurdt beskôge as ien fan 'e meast foaroansteande Kanadeeske auteurs op it mêd fan 'e urban fantasy, ferhalen dy't har ornaris tsjin in stedske eftergrûn ôfspylje yn ús kontemporêne wrâld, mar wêryn't troch de skriuwer fantasy-eleminten lykas boppenatuerlike wêzens en/of tsjoenderij yntrodusearre wurde. Huff brûkt dêrfoar benammen plakken dêr't se sels goed bekend mei is, lykas Toronto en Kingston. Dêrnjonken hat Huff tradisjonelere, hege fantasy en ek science fiction skreaun. Guon fan har ferhalen soene sels oanmurken wurde kinne foar horror, al is de skiedsline tusken urban fantasy en horror ûndúdlik en dreech oan te tsjutten.

Huff har iere wurk heart lykwols mear ta de tradisjonele fantasy. Har earste roman, Child of the Grove, kaam yn 1988 út, it jiers dêrop folge troch it byhearrende boek The Last Wizard. Fan itselde lekken in pak is de Quarters-rige, út 'e midden fan 'e jierren njoggentich. Dy boeken spylje yn in wrâld dêr't barden magy skeppe troch har muzyk, wat yn it iene lân fûleindich bestriden wurdt, wylst sokke lju yn it oare lân yn heech oansjen steane. De haadpersoan fan it earste diel fan 'e searje is in froulike bard dy't ek de suster fan 'e kening is. Sadwaande is it har ferbean om bern te krijen, en se rekket dan ek djip yn 'e swierrichheden as se nei in nacht fan wylde hertstocht mei de hartoch fan in grinskrite swier blykt te wêzen. De oare boeken lizze har mear ta op in pear hiermoardners, in broer en in suster, út it buorlân, dy't in protte muoite hawwe om yn har fan magy optillende nije heitelân te aardzjen.

Yn 1991 sette Huff útein mei har earste urban fantasy-rige, de saneamde Blood-boeken, dêr't se ek har grutste súkses mei behelle. De haadpersoan yn dizze searje is Vicki Nelson, in privee-detektive dy't stadichoan blyn wurdt troch de eachsykte retinitis pigmentosa, en fanwegen har oanboazjende eachproblemen har baan as resjersjeur by de plysje fan Toronto kwytrekke is. Yn it earste boek fan 'e rige, Blood Price, komt hja yn 'e kunde mei Henry Fitzroy, in skriuwer fan romantyske ferhalen tsjin in histoaryske eftergrûn. Dyselde blykt nimmen oars te wêzen as Henry FitzRoy, 1ste hartoch fan Richmond en Somerset, de oerwûne soan fan 'e Ingelske kening Hindrik VIII dy't in 450 jier âlde fampier is. Geandewei de boeken Blood Trail (1992), Blood Lines (1992) en Blood Pact (1993) rekket Vicki wat langer wat mear belutsen by de boppenatuerlike wrâld dy't him yn 'e skaden fan Toronto ophâldt. Dêrby skuort se har eardere partner, plysjeresjersjeur Mike Celluci, en har ynformant, de jonge drugsferslaafde en prostituë Tony Foster, tsjin wil en tank mei. Mei Henry Fitzroy nimme se it fjouweresom op tsjin in stikmannich boppenatuerlike bedrigings, net inkeld yn Toronto, mar ek yn London en Vancouver. Yn 2007 waard dizze romanrige adaptearre ta de tillefyzjesearje Blood Ties, dy't ien seizoen (22 ôfleverings) lang útstjoerd waard yn Kanada en de Feriene Steaten.

Tusken 2004 en 2006 publisearre Huff de Smoke-boeken, in fuortsetting fan 'e Blood-boeken, mar dan mei Tony Foster yn 'e haadrol. Dyselde hat tsjin dy tiid in relaasje krigen mei Henry Fitzroy, en tegearre binne se ferfearn nei Vancouver, it Hollywood fan Kanada. Tony hat dêr wurk fûn op 'e set fan in tillefyzjesearje oer in fampier dy't as privee-detektive wurket. Mar net alle boppenatuerlike foarfallen yn 'e studio blike lykwols troch special effects feroarsake te wurden.

Yn 'e perioade tusken de Blood-boeken en de Smoke-boeken skreau Huff de Keeper's Chronicles, oer Claire, in keeper ("warder", "oppasser"), dy't derfoar soargje moat dat it weefsel fan it metafysyske hielal (it tiid-romtekontinuum) net útskuord. By fersin komt se fêst te sitten yn in suterich lyts hoteltsje yn Kingston, dat yn 'e kelder in gat nei de hel hat en yn ien fan 'e keamers in machtige en boasaardige tsjoenster dy't al 60 jier mei magy yn 'e sliep holden wurdt. Nei't har besykjen om 'e soarchplicht foar de hiele brot oan in oar oer te dragen op neat útrint, besiket Claire úteinlik mar om it bêste fan 'e sitewaasje te meitsjen. Dêrby wurdt se bystien troch Dean, de hantsjemuoisfeint fan it hotel, dy't frijwat swierrichheden hat om oan te nimmen wat Claire him fertelt oant er op in stuit sels yn it gat knoffelet en hast yn 'e hel bedarret, de allegeduerigen op seks beluste Frânsk-Kanadeeske geast Jacques, dy't yn it hotel omspûket, en har eigen helper Austin, in synyske pratende kat dy't alle foarfallen fan sarkastysk kommentaar foarsjocht. Krekt as se mient dat se it hiele spul op 'e rails hat, ûntjout Claire har jongere suster Diana har ek ta keeper, wat foar nije problemen soarget.

Ut deselde snuorje datearret Huff har Valor-searje, in science fiction-rige dy't ta de gruttere Confederation-searje heart. De boeken spylje yn in ûnbeskate takomst, as de Ierde him oansletten hat by de Konfederaasje, in bûn fan in grut tal ûnderskate (bûtenierdske) rassen. De Konfederaasje is nei't it skynt sûnder provokaasje oanfallen troch in lyksoartige alliânsje fan rassen dy't inkeld bekend stiet as "De Oaren". Mei't de measte rassen fan 'e Konfederaasje it ferskynsel geweld al lang lyn kultureel en evolúsjonêr ûntgroeid binne, hawwe de heechûntwikkele bûtenierdsen by it útbrekken fan 'e fijannichheden kontakt socht mei de minsken en in pear oare barbaarske rassen, dy't alhiel gjin skrupules hiene om har de begjinsels fan 'e ynterstellêre oarlochfiering eigen te meitsjen. De haadpersoan yn dizze boeken is stêfserzjant Torin Kerr, dy't by potinsjeel deadlike misjes troch de hiele Molkewei kear op kear besykje moat om sawol de koal as de geit te sparjen, oftewol om sawol har superieuren tefreden te stellen as har manskippen yn libben te hâlden.

Yn 2009 is Huff wer mei in nije urban fantasy-rige begûn, de saneamde Enchantment Emporium-rige. Dêryn kinne de Gales fan súdlik Ontario de wrâld feroarje mei har betsjoenings. Alysha Gale, dy't lykas de measte jongere leden fan 'e famylje mar wàt graach in bytsje ôfstân skeppe wol tusken harsels en har muoikes, giet yn op in fersyk yn it lêste brief fan har fermiste beppe om it Enchantment Emporium, har rommelwinkel yn Calgary, oer te nimmen. Pas as se har yn Alberta nei wenjen set hat, komt Allie derefter wat der eins fan har ferwachte wurdt. Boppedat is se no wol fier by har albedillen fan muoikes wei, mar dat betsjut ek dat se net mear op harren help rekkenje kin as de foarfallen mei faasje berchôf begjinne te gean. It twadde boek, The Wild Ways (2011), giet oer Allie har nicht Charlie Gale, in "wylde macht", dy't har op eigen manneboet út súdlik Ontario ôfjout, mar op Kaap Bretoneilân tsjin wil en tank belutsen rekket by de striid fan miljeu-aktivisten en pleatslike selkys (seehûneftige mearkesfigueren) tsjin in oaljemaatskippij dy't oer liken giet. Yn The Future Falls (2014) rekket Charlie noch djipper yn 'e swierrichheden as der in asteroïde op it Ierde taraast en sy en de jonge drakeprins Jack de iennichsten binne dy't de wrâld rêde kinne.

Fierders hat Tanya Huff ek inkele op harsels steande boeken skreaun, lykas Scholar of Decay, in roman dy't spilet yn 'e Ravenloft-wrâld fan 'e Dungeons and Dragons-role-playing game. Ek skreau se yn 2012 de roman The Silvered, oer it keninkryk Aydori, dat regearre wurdt troch in elite fan wearwolven en mei help fan magy. As it machtige oangrinzgjende ryk fan keizer Leopald it lân binnenfalt, ferwachtsje de Aydori dat harren Jachtridel en tsjoenders de fijân mei gemak tsjinkeare kinne sille, mar de nije technology fan 'e ynfallers, fan kanonnen oant hjitteluchtballonnen, komt har oer it mad, en se lije swiere ferliezen. Hoe't it spul beteart, sil útmakke wurde troch de jonge tsjoenster Mirian Maylin en de wearwolf Thomas Hagen, de jongere broer fan 'e Ridellieder, dy't tegearre efter de fijanlike linys fêst kommen binne te sitten, èn oan 'e fijannige kaptein Sean Reiter, dy't Mirian finzen nimt.

Romans en tabehear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wizard Crystal-rige
    • 1988 – Child of the Grove
    • 1989 – The Last Wizard
      • 1999 – Wizard of the Grove (omnibusedysje fan Child of the Grove en The Last Wizard)
  • Darkness, Light and Fire-duology
    • 1989 – Gate of Darkness, Circle of Light
    • 1990 – The Fire's Stone
      • 2001 – Of Darkness, Light, and Fire (omnibusedysje fan Gate of Darkness, Circle of Light en The Fire's Stone)
  • Blood and Smoke-rige
    • Blood Books (ek bekend as de Victoria Nelson-rige)
      • 1991 – Blood Price
      • 1992 – Blood Trail
      • 1992 – Blood Lines
      • 1993 – Blood Pact
      • 1997 – Blood Debt
        • 2006 – The Blood Books, Volume I (omnibusedysje fan Blood Price en Blood Trail)
        • 2006 – The Blood Books, Volume II (omnibusedysje fan Blood Lines en Blood Pact)
        • 2006 – The Blood Books, Volume III (omnibusedysje fan Blood Debt en Blood Bank)
      • 2006 – Blood Bank (ferhalebondel fan 9 koarte ferhalen; yn 2008 werútjûn as Blood Banked)
        • This Town Ain't Big Enough
        • What Manner of Man
        • The Cards Also Say
        • The Vengeful Spirit of Lake Nepeakea
        • Someone to Share the Night
        • Another Fine Nest
        • Scleratus
        • Critical Analysis
        • So This Is Christmas
      • 2020 – Blood Shot (ferhalebondel fan 7 koarte ferhalen)
        • Quid Pro Quo
        • Songs Sung Red
        • If Wishes Were... (earder publisearre yn 2016 yn 'e blomlêzing Shadowed Souls)
        • No Matter Where You Go
        • Blood Wrapped
        • After School Specials
        • See Me
    • Smoke Books
      • 2004 – Smoke and Shadows
      • 2005 – Smoke and Mirrors
      • 2006 – Smoke and Ashes
  • Quarters-rige
    • 1994 – Sing the Four Quarters
    • 1995 – Fifth Quarter
    • 1996 – No Quarter
    • 1999 – The Quartered Sea
      • 2007 – The Quarters Novels, Volume I (omnibusedysje fan Sing the Four Quarters en Fifth Quarter)
      • 2007 – The Quarters Novels, Volume II (omnibusedysje fan No Quarter en The Quartered Sea)
    • 2016 – Three Quarters (ferhalebondel mei 3 koarte ferhalen)
      • Death Rites
      • Exactly
      • Quartered
  • Keeper's Chronicles
    • 1998 – Summon the Keeper
    • 2001 – The Second Summoning
    • 2003 – Long Hot Summoning
      • 2012 – The Complete Keeper's Chronicles (omnibusedysje fan Summon the Keeper, The Second Summoning en Long Hot Summoning)
  • Enchantment Emporium-rige
    • 2009 – The Enchantment Emporium
    • 2011 – The Wild Ways
    • 2014 – The Future Falls
  • oare fantasyromans
    • 1995 – Scholar of Decay (in roman út 'e fierders troch oare auteurs skreaune Ravenloft-searje)
    • 2012 – The Silvered
    • 2022 – Into the Broken Lands
ferhalebondels
  • 1999 – What Ho, Magic!
  • 2003 – Relative Magic
  • 2005 – Stealing Magic
  • 2006 – Blood Bank (ûnderdiel fan 'e Blood Books; yn 2008 werútjûn as Blood Banked)
  • 2007 – Finding Magic
  • 2011 – Nights of the Round Table
  • 2011 – February Thaw
  • 2013 – Swan's Braid
  • 2013 – He Said, Sídhe Said
  • 2015 – Third Time Lucky
  • 2016 – Three Quarters (ûnderdiel fan 'e Quarters-rige)
  • 2018 – The Demon's Den
  • 2020 – Blood Shot (ûnderdiel fan 'e Blood Books)
losse koarte ferhalen

Science fiction

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2005 – Women of War (blomlêzing mei wurk fan ferskate auteurs; red. mei Alexander Potter)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.