Westoverledingen | |
---|---|
Mûne yn Mitling-Mark | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Leechsaksen |
Distrikt | Lier |
Sifers | |
Ynwennertal | 21.423 (31 desimber 2020) |
Oerflak | 112,1 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 191 / km² |
Hichte | -1 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.westoverledingen.de |
Westoverledingen (Eastfrysk Plat: Westooverläiden) is in gemeente yn de lânkring Lier yn East-Fryslân, yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen. Hy foarmet it westlike part fan de âlde Fryske goa Oerledingerlân, en wurdt yn it noarden en westen troch rivieren begrinzge. Yn it westen mei de Iems mei 18 km lang, yn it noarden oan de Leda. De gemeente leit tusken de distriktshaadstêd Lier en de stêd Papenburch yn de oanswettende lânkring Iemslân. It haadplak is Ihrhove.
Mei 21.423 ynwenners is Westoverledingen de sângrutte gemeente yn Eastfryslân. De ynwenners binne ferspraat oer likernôch 112 km². De gemeente waard yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen yn 1973 foarme. Sûnt dy weryndieling woeks it ynwennertal mei likernôch 5000 ynwenners.
Ekonomysk sjoen is de lânbou, en benammen de melkfeehâlderij de wichtichste rol yn de gemeente. Ek it toerisme spilet in rol. De gemeente is in forinzegemeente fan de oanbuorjende stêden Lier en Papenburch.
Ta de kulturele erfenis hearre fiif romaanske en ien goatyske tsjerke. De âldste binne de tsjerke fan Esklum en de grifformearde tsjerke fan Ihrhove út it midden fan de trettjinde iuw. Boppedat binne der twa histoaryske mûnen en in stikmannich histoaryske hûzen, wêrfan allegear Eastfryske pleatsen.
De gemeente leit yn it uterste suden fan East-Fryslân, tusken de stêden Lier en Papenburch. Hy foarmet mei de gemeenten Rhauderfehn en Ostrhauderfehn de histoaryske Fryske goa Oerledingerlân. Westoverledingen bestiet út in grut tal feandoarpen, en oan de west- en noardkant guon lytse terp- en dykstreekdoarpen yn it poldergea by de Iems en Leda del. It feangea wurdt op in soad plakken skaaimerke troch in kûlisselânskip.
De gemeente bestiet út de tolve kearnen (Ortschaften), foar 1973 selsstannige gemeenten, mei ynwennertallen fan 31 desimber 2020[1]:
|
De measte fan dy kearnen lizze op in geastrêch yn it westlike part fan de gemeente, en op it rivierklaaigebiet by de Iems en Leda del. Njonken de kearnen binne der noch lytsere doarpen Ortsteile, dy't ûnder de kearnen falle: Großwolderfeld, Völlenerkönigsfehn en Völlenerfehn.
De doarpstypen hingje fan de grûnsoarte ôf. Op it rivierklaaigebied lizze terpdoarpen, op de geatrêch lizze komdoarpen en op it feangrûn lizze streekdoarpen.
Yn de âlde Fryske lannen hie it gebiet om Auwerk hinne, dêr't de Upstalbeam wie in sintrale bestjoersfunksje. Ut it Auwerkerlân wei sjoen, wie it gebiet (oan de) oer(kant) de rivier de Leda - Oerledingerlân. Fan dat âlde Oerledingerlân foarmet de hjoeddeistige gemeente it westlike part.
Mooglik rûn oer de geastrêch om 8000 f.Kr. in troch minsken gauris brûkte fuotpaad. Yn it Neolitikum en de brûnstiid wie it gebiet foar in part bewenne. Yn de omkriten fan Völlen is troch argeologysk ûndersyk de oanwêzigens fan in Sjaukyske delsetting fûn, mooglik út de earste twa iuwen fan de jiertelling. De Sjauken waarden neitiids troch de Friezen ferdreaun of assimilearre. Ut dy tiid wei komme de âldste terpen, dêr Wurten neamd.
It gebiet kaam nei it ferstjerren fan Karel de Grutte yn in oan de Saksen yn lien jûne goa, Emsgau, te lizzen. De bestie út de lettere Fryske goaen Oerledingerlân, Moarmerlân, Lengenerlân en Reiderlân. Fan om 1000 hinne ôf waard mei it oanlizzen fan de earste diken úteinset. De ienigens tusken de dêroan wurkjende manlju wurdt sjoen as ien fan de oarsaken fan de oandriuw fan de lettere Fryske Frijheid. Fan 1284 oant 1566 bestie foar it lettere Leerort oer, by it gearrinnen fan de Leda en de Iems, de kommanderije Muhde (fan it Aldfryske mutha, dat "mûning" betsjut), in kommanderije fan de Johanniteroarder. Dêrnei folgen der stiftingen fan karspels, dêr't de tsjerken fan bewarre bleaun binne. It tiidrek fan bloeien duorre lykwols net lang. Yn de fjirtjinde iuw stige wrâldwiid it wetterspegel, dêr't troch oerstreamings de bewenners fierder it lân yn twongen waarden te ferhûzjen. De Sint-Marsellusfloed fan 1362 en de pest fan om 1350 hinne joegen in grutte slach.
Oan de ein fan de fjirtjinde en it begjin fan de fyftjinde iuw krigen de haadlingen, sa as de famylje Tom Brok, út oare Fryske goaen wei, it Oerledingerlân hieltyd mear ûnder harren ynfloed. Hja bestriden inoar lykwols om harren eigen machtsgebieten út te wreidzjen. Nei de tsierderijen tusken de Skieringers en Fetkeapers en de Grutte Fryske Oarloch (1413-1422) dy't mei de Soen fan Grins einige, waard Fokko Ukena de foaroansteande figuer. Ynearsten wie er in bûnsmaat fan Tom Broks, mar fersloech Ukena mei syn manlju Tom Brock yn de Slach op de Wylde Ikkers yn 1427. Ukena syn macht duorre lykwols net lang, want in koälysje ûnder lieding fan Edzard Sirksena kearde him tsjin Ukena en fersloech him stikmannich kear, sa't dy yn 1432 út Lier wei dreaun waard. Yn 1464 waard Ulrik Sirksena, dy't sûnt 1441 de machtichste man yn East-Fryslân wie, troch keizer Freark III nei it beteljen fan in grouwe jildsom ta ryksgreve makke. Dêrmei begûn winliken it Greefskip Eastfryslân, dat oant 1744 bestean soe. Greve Edzard I fan Eastfryslân liet yn 1495 de súdgrins fan syn gebiet fersterkje troch it bouwen fan de Stins Bunderhee en in fersterke dyk by Völlen, foar it Múnsterske Papenburch oer.
Yn it begjin fan de sechtjinde iuw kaam de Reformaasje nei Eastfryslân ta. Der ûntstiene kalvinistyske en lutherske tsjerkemienskippen. Oars as yn omlizzende gebieten waarden groepen fan oare tsjerken as dy fan de lânshear mar sa sa tastien. Yn dy snuorje waard Völlenerfehn as earste feanterijdoarp stifte.
Yn de Tritichjierrige Kriich hie it gebiet net al te bot te lijen, dochs waard sa no en dan beset troch troepen fan ferskate tsierende partijen. Yn 1622 waard it gebiet beset troch troepen fan Peter Ernst II fan Mansfeld, êr't de befolking tige ûnder te lijen krige, sa as swiere skattings dy't se opbringe moasten.
Yn 1744 foel Eastfryslân troch erfenis oan Prusen. Dy setten de lânoanmakkerijen troch en de earste feankoloanjes ûntstiene. Oant let yn de njoggentjinde iuw waard boekweet as iennich lânbougewaaks brûkt foar de feanbrânkultuer, mar brocht lykwols net folle op. It ferbouwen fan flaaks yn in wetterryk gebiet bliek folle mear op te bringen. Dêrtroch ûntstie de koloanje Flachsmeer. Nei de delslach fan Napoleon Bonaparte, dy't it gebiet fan 1806 oant 1810 ûnder syn marionetteteat Keninkryk Hollân, en dêrnei yn it Earste Frânske Keizerryk anneksearre, kaam it gebiet yn 1815 by it nije Keninkryk Hannover. Yn 1825 hie it gebiet te lijen fan de Stoarmfloed fan 1825, dêr't stikmannich minsken en bisten by omkamen.
Yn 1846 ûntstiene yn it gebiet lytse mar ynfloedrike baptistegemeenten. Yn 1855 krige it gebiet oansluting op it spoarwegenet. Om 1860 hinne fêstigen folgelingen fan de Grinslânske dûmny Hendrik de Cock harren dêre en stiften (yn 1860 yn Ihrhove) altreformierte tsjerkemienskippen.
Fan 1871 wie it gebiet part fan it Dútske Keizerryk. Yn 1876 waard it spoar fan Lier nei it Grinslânske Nijeskâns iepene. Dy line krúst sûnt doe op stasjon Ihrhove de line Emden-Múnster. Dêrtroch krige Ihrhove in koarte bloeitiid, sa as regelmjittige bûter- en feemerken.
Yn de Earste Wrâldkriich wie der by Großwolde in lytse wurkkamp, dêr't 65 Russyske kriichsfinzenen ûnder strieminne tastân in stik fean fan 999 hektare oanmeitsje moasten.
De lutherske dûmny fan de tsjerke fan Steenfelde, Eilhard Aden, wie ein 1933 ien fan de meast warbere fertsjintwurdigers fan de Bekennende Kirche dy't him foel tsjin de nazytsjerke Dútske Kristenen útspriek.
Yn de doarpen fan Westoverledingen wennen stikmannich Joaden, en in grutter tal kommunisten, dy't it slachtoffer waarden fan foele ferfolgings troch de nazys. Guon waarden troch SS'ers út harren hûzen wei skuord en yn wurk- en konsintraasjekampen fan de Iemslânkampen opsletten. Ek waarden der yn de Twadde Wrâldkriich twangwurkers út besette lannen wei as, almeast boerefeinten yn de omkriten, oan it wurk set.
It doarp Steenfelde krige te lijen ûnder de oanfallen fan de Alliearden op Lier.
Nei de kriich wie der grutte wurkleazens yn de it gebiet, benammen troch it modernisearjen yn de lânbou. Fan 1957 oant 1984 brocht de typemasinefabryk Olympia yn Lier mei likernôch 2.700 wurkplakken in tydlik oplibjen fan de gemeente.
By de stoarmfloed fan 1962 kamen gjin minsken om it libben, mar late wol ta grutte skea. Om't de Iemsdyk trochbriek, strûpte it doarp Völlen ûnder wetter.
Op de lette jûn fan 4 novimber 2006 wie der in grutte stroomsteuring. Op de hichte fan Mitling-Mark rint in tige wichtige 380 kilofolt heechspanningslieding oer de Iems hinne. In op de Meyer-Werft yn Papenburch boud skip wie al safierhinne dien dat er nei see fersleept wurde moast. Hy koe lykwols net feilich genôch ûnder dy, doe 84 meter hege, stroomkabels troch. Dêrom waard, sa't de skipswerf twa moanne earder al mei de netwurkbehearders ôfpraat hie, de stroom ûtskeakele wurde. Dêrby rûn it ien en oare ferkeard. Ferskate lannen yn Jeropa sieten doe wol oant twa oere langer sûnder stroom. Nei de steuring waard de heechspanningslieding oanpast en oant 110 meter ferhege.
Op de jûn jan 3 desimber 2015 botste westlik fan Ihrhove in frachtskip, Emsmoon, de Friezebrêge oer de Iems, dêr't it spoar fan Lier nei Grins oerhinne rint. Dy brêge rekke dêrtroch sa swier skansearre dat er fuortendaliks net wer opholpen wurde koe. Koart skoftke letter waarden de skansearre parten fan de brêge út de Iems wei helle, sa't it skipfeartferkear wer trochgean koe. It oerlizzen fan it ferfangen fan de brêge rûn jierrenlang troch. Neffens de lêste planning (septimber 2021) troch de Deutsche Bahn komt der in kombinearre hef- en draaibrêge. Oer de, fan 2022-2024 fannijs te bouwen, brêge komt in spoarwei mei in inkelde baan, mei dêrnjonken, lykas foar 2015, in fuot- en fytspaad.
Op 1 jannewaris 1973, yn it ramt fan in gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen, waarden de tolve gemeenten, hjoed-de-dei Ortschaften, Breinermoor, Driever, Esklum Flachsmeer, Folmhusen, Großwolde, Grotegaste, Ihren, Ihrhove, Mitling-Mark, Steenfelde en Völlen ta de gemeente Westoverledingen fusearre. De nije gemeente waard nei it westlike part fan it âlde Oerledingerlân neamd. Ek yn oare parten fan Eastfryslân waarden nammen fan âlde goaen fannijs brûkt foar nij foarme gemeenten.
Op 1 july 1974 waard in gebiet mei 100 ynwenners oan de stêd Papenburch ôfstien.
Mei syn 21.423 ynwenners op 111,9 km² is Westoverledingen neffens Eastfryske en Nedersaksyske begripen reedlok ticht befolke, mei in befolkingstichtens fan 191 /km² foar 147 /km² yn Eastfryslân, en 166 /km² yn Nedersaksen oer. Lykwols ferlike mei dy fan de Bûnsrepublyk, 229 /km², is er reedlik leech.
|
|
De gemeenteried fan Westoverledingen hat 32 sitten. Boargemaster is sûnt 1 novimber 2016 de partijleaze Theodor Douwes. De sit ferdieling is sûnt de ferkiezings fan 12 septimber 2021 sa:
Partij | Oandiel stimmen | Tal sitten | Feroaring stimmen | Feroaring sitten |
---|---|---|---|---|
SPD | 49,0 % | 16 | +1,0 % | 0 |
CDU | 26,0 % | 8 | −4,8 % | −2 |
Grüne | 10,9 % | 3 | +3,9 % | +1 |
MOIN | 7,3 % | 2 | −2,6 % | −1 |
dieBasis | 2,5 % | 1 | + 2,5 % | +1 |
Die Linke | 2,3 % | 1 | + 2,3 % | +1 |
Martin Bron | 2,2 % | 1 | +0,3 % | 0 |
De opkomst lei mei 50,47 % dúdlik leger as de trochsneed opkomst yn Nedersaksen 57,1 %.
De wichtichste trochgeande dyk is de Bundesstraße 70 fan Lier oer Ihrhove nei Papenburch. Justjes noardlik fan Ihrhove spjalt de Bundesstraße 438 nei Ostrhauderfehn ta fan de B70 ôf
De rivier de Leda mûnet oan de noardkant fan de gemeente, tusken Esklum en Driever, en foar de eardere Fêsting Leerort út yn de Iems. De Iems foarmet de westrâne fan de gemeente. Yn de gemeente binne der lykwols gjin havens oan de twa rivieren.
Stasjon Ihrhove leit oan de krusing fan twa spoarlinen: de west-east rinnende spoarline Harns-Nijeskâns, de Wiederline, en de noard-súd rinnende line Emden-Múnster.
De lânbou is de wichtichste foarm fan ekonomy yn de gemeente, en fierwei it grutste part fan it gemeenteoerflak wurdt as lânbougrûn brûkt. Dêrnjonken is de enerzjywinning fan belang. In Frânsk bedriuw wint der ierdgas troch middel fan hydraulic fracturing . Fierder is der by Steenfelde in wynpark mei 16 lytse wynturbinen, dy't skielk ferfongen wurde sille troch 8 grutte.
It doarp Völlen, yn it uterste suden fan de gemeente, leit tsjin Papenburch oan, en in soad bewenners wurkje yn de Meyer Werft
De befolking is yn tsjerklik opsicht mearsidich, om't de gemeente op de grins fan de lutherske, kalvinistyske en katolike gebieten leit. De westlike rivierdoarpen en it grutste feandoarp Ihrhove binne foar it grutste part evangelysk-grifformeard (kalvinistysk), de oare feandoarpen en Völlen binne evangelysk-luthersk, mei dêrtusken benammen yn de feandoarpen in grutte roomsk-katolike minderheid troch migraasje út it Iemslân wei. Fan de befolking is 47% luthersk, 24% grifformeard en 17% katolyk. Dêrnjonken binne der noch lytsere Freikirchen, wêrûnder baptisten en in evangelysk-âldgrifformearde tsjerke.
Yn Westoverledingen wurdt njonken it Heechdútsk it Eastfrysk Plat sprutsen. Troch Nederlânske flechtelingen yn de Tachtichjierrige Kriich dy't nei de Reformaasje nei Eastfryslân flechten, waard it Nederlânsk de fiertaal yn de grifformearde tsjerken yn it westen fan de gemeente. Dêrtroch krige it Nederlânsk ek in soad ynfloed op it pleatslike dialekt. It tal sprekkers rûn yn de njoggentjinde iuw in ein tebek, doe't Eastfryslân him mear op Dútslân rjochte en de grifformearde dûmnys út Dútsktalige streken kamen. Yn 1936 waard it Nederlânsk yn de êldgrifformearde tsjerketsjinsten ferbean. Dêrnei spile it Nedertlânsk amper mear in rol, mei útsûndering syn ynfloed op it pleatslike dialekt, dy't yn Oerledingerlân, en it westen fan Eastfryslân sterker is as yn it easten fan Eastfryslân.
It Eastfrysk plat wurdt noch ornaris sprutsen troch de âldere folwoeksenen yn de gemeente. Der binne sels tsjerketsjinsten en houliken dy't yn it Eastfrysk Plat holden wurde. Ek gemeenteriedsgearkomsten wurde yn it Eastfrysk holden. Yn de mande mei it Plattdütskbüro fan it Ostfriesische Landschaft yn Auwerk besiket de gemeente de jongeren oan te setten it Plat te brûken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Westoverledingen | ||
---|---|---|
Haadplak: Ihrhove | ||
Doarpen: Breinermoor • Driever • Esklum • Flachsmeer • Folmhusen • Großwolde • Grotegaste • Ihren • Mitling-Mark • Steenfelde • Völlen | ||
· · |