Ferdinand Bordewijk | ||
skriuwer | ||
Bordewijk yn 1954 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Ton Ven | |
echte namme | Ferdinand Johan Wilhelm Christiaan Karel Emiel Bordewijk | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 oktober 1884 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 28 april 1965 | |
stjerplak | De Haach | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Roman, novelle | |
streaming | ekspresjonisme, magysk realisme, surrealisme | |
bekendste wurk(en) |
Blokken Knorrende beesten Bint Rood paleis De wingerdrank Karakter | |
prizen | sjoch artikel |
Ferdinand Bordewijk (Amsterdam, 10 oktober 1884 – De Haach, 28 april 1965) wie in Nederlânsk abbekaat en skriuwer dy't ta de streaming fan de nije saaklikens en it magysk realisme rekkene wurdt.
Hy studearre rjochten oan 'e Universiteit Leien. Nei syn stúdzje gong er oant wurk yn Rotterdam op in abbekatekantoar. Yn 1916 debutearre er mei de dichtbondel Paddestoelen ûnder pseudonym fan Ton Ven, dat er letter noch in stikmannich kearen brûkt hat.
Hy krige mear erkenning mei trije koarte romans Blokken (1931), Knorrende beesten (1933) en Bint (1934) en twa langere romans, Rood paleis (1936) en Karakter (1938). Blokken is in roman oer in dystopy (anty-utopy) en ferskynde ien jier earder as Brave New World fan Aldous Huxley, dat er "in enoarme fodde" neamde.
Bordewijk boaske op 1 augustus 1914 mei de Nederlânske komponiste Johanna Roepman (1892 - 1971). Hy hat ûnder oare it libretto fan har opera Rotonde út 1941 skreaun.
Bordewijk wie aktyf yn it keunstnersferset. Syn hûs waard oan 'e ein fan de oarloch ferwoaste troch it bombardemint op it Bezuidenhout. Dêrby gie syn mânske bibleteek ferlern.
Yn de jierren sechtich hawwe in protte nije strjitten yn Den Haach de namme Bordewijk krigen, wêr't de Dreven en de Steden ûnder binne.
Bordewijks hiel eigen tematyk en styl makken dat er net in soad neifolge waard. Syn wurk wurdt noch in betreklik protte lêzen. Dat docht bliken út de goed tritich werprintingen yn de perioade 2000-2015 en út fertalingen yn it Italiaansk, Ingelsk, Dútsk, Turksk en Slowaaksk.[1] Yn 2014 waard it Bordewijkgenoatskip oprjocht, dat aktiviteiten om de fyftichste stjerdei fan Bordewijk hinne yn 2015 organisearre.[2]
De nammen dy't er brûkt yn syn romans falle tige op. Yn Bint komt it folgjende riichje foar: Peert – Kiekertak – Bolmikolke – Klotterbooke – Taas Daamde – Whimpysinger – De Moraatz – Van der Karbargenbok – Surdie Finnis - Schattenkeinder. Inkelde nammen út Karakter: Dreverhaven – Katadreuffe – Stroomkoning – Te George – Rentenstein – De Gankelaar. Yn Blokken dizze nammen: Glüschaint - De Marcas - Tannenhof - Tekalopte - Ypsilinti. Al dizze nammen hat er gewoan út it tillefoanboek helle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten |