Huub Stapel | ||
akteur | ||
Stapel yn 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hubertus Wijnandus Jozef Marie Stapel | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 desimber 1954 | |
berteplak | Tegelen (Limburch) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Limburchsk | |
jierren aktyf | 1970 – no | |
offisjele webside | ||
www.huub-stapel.nl |
Huub Stapel (folút: Hubertus Wijnandus Jozef Marie Stapel; Tegelen, 2 desimber 1954) is in Nederlânsk akteur en presintator fan Limburchsk komôf. Hy waard yn 'e 1980-er jierren ferneamd mei rollen yn 'e filmproduksjes fan 'e Nederlânske regisseur Dick Maas, lykas de horrorfilms De Lift en Amsterdamned en de komeedzjefilm Flodder. Behalven op it wite doek wied er ek in protte op 'e Nederlânske tillefyzje te sjen, en fierders spile er yn ferskate Dútske en Flaamske searjes. Yn 'e ienentweintichste iuw wie Stapel ek presintator fan ferskate autorubriken.
Huub Stapel waard yn 1954 berne yn it Limburchske Tegelen. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, folge er in oplieding ta learaar. Hy joech dramales oan 4 HAVO foar't er karriêre makke as akteur.
Stapel begûn syn aktearkarriêre omtrint 1970 op it toaniel. Yn 1981 wied er foar it earst yn in film te sjen, doe't er in lyts roltsje as NSB-er hie yn Het Meisje met het Rode Haar, ûnder rezjy fan Ben Verbong, oer fersetsstriidster Hannie Schaft. It jiers dêrop hied in lytse rol yn Van de Koele Meren des Doods, en yn 1983 waard er troch regisseur Dick Maas foar it earst yn in haadrol cast yn 'e Nederlânske horrorfilm De Lift. Dêryn hie Stapel de rol fan 'e nijsgjirrige liftmonteur Felix Adelaar, as tsjinspiler fan Willeke van Ammelrooy. De Lift betsjutte foar him de trochbraak nei in grutter publyk.
Neitiid spile Stapel yn tillefyzjesearjes as Willem van Oranje en De Weg. Op it wite doek spile er yn 1985 in plysje-ynspekteur yn 'e Frysktalige film De Dream, fan regisseur Pieter Verhoeff. Yn 1986 hied er de rol fan Geert yn Op Hoop van Zegen, nei it boek mei deselde namme fan Herman Heijermans. Datselde jiers kaam ek de film Flodder út, fan regisseur Dick Maas, mei fierders û.o. Nelly Frijda en Tatjana Šimić. It gie oer in asosjale arbeidershúshâlding dy't by wize fan sosjaal eksperimint fan 'e gemeente in wente yn in lúkse fillawyk tawiisd kriget. De film ûntjoech him ta in ûnbidich kommersjeel súkses, en syn fertolking fan âldste soan Johnnie Flodder waard fierwei de bekendste rol fan Stapel syn aktearkarriêre.
Hy spile dyselde rol jitris yn 'e ferfolchfilm Flodder in Amerika!, út 1992, mar hy wie him bewust fan it gefaar fan typecasting, dat yn 'e oare ûnderdielen fan 'e Flodder-franchise (de film Flodder 3 en yn 'e tillefyzjesearje Flodder) liet er it spyljen fan Johnnie oer oan Coen van Vrijberghe de Coningh, dy't de rol op masterlike wize oernaam. Van Vrijberghe de Coningh koe Stapel út 'e films Het Nadeel van de Twijfel (1990) en De Onfatsoenlijke Vrouw (1991), dêr't se tegearre yn spilen. Yn 'e searje Flodder hie Stapel ien kear in gastrol as de krimineel Paolo Marquez yn 'e ôflevering Egotrip út it fyfde seizoen, dy't opnommen waard yn 1997, en yn 1998 foar it earst op 'e tillefyzje kaam.
In oare bekende rol hie Stapel yn 1988 yn 'e horrorplysjefilm Amsterdamned, as de plysjeman Eric Visser, dy't op in searjemoardner jaget dy't kear op kear op grouwélige wize taslacht yn 'e Amsterdamske greften. Syn tsjinspylster yn dy film wie Monique van de Ven, wylst syn dochter spile waard troch in piipjonge Tatum Dagelet. Nei de iuwwiksel hie Stapel rollen yn films as Van God Los (2003), De Dominee (2004), Terug naar de Kust (2009) en Sint (2010). Yn 'e tillefyzjesearje Retour Den Haag fertolke Stapel de rol fan politikus Ed van Thijn. Yn 2007 hied er in gastrol yn 'e plysjesearje Flikken Maastricht, en yn 2012 spile er yn 'e dramarige Moeder, Ik Wil bij de Revu. Behalven yn Nederlân wie Stapel ek yn Dútslân en Flaanderen op 'e tillefyzje te sjen. Sa hied er ferskate gastrollen yn Dútske plysjesearjes, lykas Tatort, SOKO Kitzbühel en Alarm für Cobra 11 – Die Autobahnpolizei, en spile er yn 'e Flaamske searje Windkracht 10.
Fierders wie Stapel njonken sjongster Ellen ten Damme te sjen yn reklamespotsjes foar Zwitserleven. Yn 2013 fertolke er de rol fan (de lettere) kening Willem I by in grutskalige neispiling fan 'e Lâning fan de Prins op it strân fan Skeveningen yn 1813, oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen. Dat waard opfierd ta gelegenheid fan 'e fiering fan it twahûndertjierrich bestean fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Op 16 juny 2014 krige Stapel foar it teäterseizoen 2013/2014 de Johan Kaartpriis takend, dy't útrikt wurdt troch it DeLaMar-teäter yn Amsterdam. Hy krige de priis foar syn rollen yn 'e toanielstikken Mannen Komen van Mars, Vrouwen van Venus en God van de Slachting. Stapel hie yn 2014 ek in rol yn 'e musical Soldaat van Oranje.
Fan jannewaris 2016 ôf wie Stapel wer op 'e Nederlânske tillefyzje te sjen, diskear yn 'e fêste rol fan ofsier fan Justysje Hein Berg yn 'e plysjerige Flikken Rotterdam. Hy spile fierders de rol fan 'e âlde Ruud Lubbers yn 'e fjouwerdielige minysearje Land van Lubbers, dy't yn febrewaris en maart fan datselde jier útstjoerd waard (de jonge Lubbers waard yn deselde rige spile troch Guy Clemens). Yn 2018 wurke Stapel mei oan 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme. Hy fertolke dêryn de rol fan Redbad syn foargonger, kening Aldgillis. Stapel hat ek as stimakteur wurke, û.m. by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan 'e tekenfilm Finding Nemo (2003).
As presintator wie Stapel foar it earst aktyf yn 1998, by it muzykprogramma TAFKAS ("The Artist Formerly Known As Stapel", in ferwizing nei de artystenamme TAFNAP, dy't de Amerikaanske sjonger Prince in skoft brûkte).Mei't er in grut autoleafhawwer is, presintearre er yn 2004 ek de autorubryk Stapel op Auto's. Letter makke er it dêrfan ôflate Stapel in de States, wêryn't er troch de Feriene Steaten reizge en de autokultuer dêr beljochte. Fierders presintearre er yn Foar de TROS en it Belgyske tillefyzjekanaal Eén presintearre er ek it realitytillefyzjeprogramma Oberon. Fan septimber oant ein oktober 2013 presintearre Stapel foar Omrop MAX it programma Max Monumentaal. Yn 2021 died er tegearre mei Wim Daniëls de presintaasje fan 'e seisdielige searje Het Dorp, wêryn't se ferskate doarpen oandiene op 'e siik nei wat der noch oer wie fan it doarpske libben út harren jonkheid. Yn 2020 makke Stapel as presintator en ynsprekker fan in voice-over de dokumintêresearje Langs de Rijn foar Omrop MAX, oer de rivier de Ryn. Dat wie sa'n súkses dat er yn neifolgjende jierren noch trije soartgelikense searjes makke: Langs de Maas (2021), Langs de Kust (2022) en Langs de IJssel (2023).
Ein jierren '80, begjin jierren '90 wie Stapel ek in skoftke aktyf as sjonger. Mei de band Mooder Hellup (in foarrinder fan Minsekinder) naam er in cd op mei it karnavalsferske Och, Was Ik Maar bij Moeder Thuisgebleven. Hoewol't dat earder in lanlike hit wurden wie yn in Nederlânsktalige bewurking fan Johnny Hoes, wie it oarspronklik yn it Limburchsk skreaun troch Thuur Luxembourg en Frans Boermans, as: Och, Waas Ik Maar beej Mooder Toësgebleve. Om't er de Nederlânsktalige ferzje ynstee fan 'e Limburchsktalige songen hie, waard Stapel yn 1993 foar it leagenjen fan syn Limburchsk komôf yn syn berteplak Tegelen feroardiele troch it ludike Kaetelgerich. Mei Gé Reinders song Stapel fierders ek it duët Ja, Ja, Limburgia.
Stapel troude op syn fyftichste jierdei, yn 2004, mar is sûnt wer skieden.
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1970 | Vertige pour in Tueur | figurant | Frânske produksje |
1981 | Het Meisje met het Rode Haar | NSB-er | |
1982 | Van de Koele Meren des Doods | Herman | |
1983 | De Zwarte Ruiter | Floor | |
1983 | De Lift | Felix Adelaar | |
1984 | De Schorpioen | faandrich | |
1985 | De Dream | plysje-ynspekteur | |
1985 | Maria | Paolo Pietrosanti | |
1985 | Die Kurve kriegen | Jan | Dútske produksje |
1986 | Op Hoop van Zegen | Geert | |
1986 | Flodder | Johnnie Flodder | |
1988 | Amsterdamned | resjersjeur Eric Visser | |
1990 | In the Shadow of the Sandcastle | ? | Dútske produksje |
1991 | De Onfatsoenlijke Vrouw | Leon | |
1991 | Oh Boy! | man yn sportkafee | |
1991 | Zockexpress | Dany | Dútske produksje |
1992 | Flodder in Amerika! | Johnnie Flodder | |
1993 | Hoffman's Honger | Baruch Spinoza | |
1995 | Walhalla | Raymond de Feyter | |
1996 | De Zeemeerman | Timo Babel | |
1996 | Mortinho por Chegar a Casa | Joris | |
1997 | Knockin' on Heaven's Door | Frankie "Boy" Beluga | Dútske produksje |
1998 | Widows – Erst die Ehe, dann das Vergnügen | Konrad Sommer | Dútske produksje |
1998 | Kai Rabe gege die Vatikankiller | Karl Bresser | Dútske produksje |
1998 | Hauptsache Leben | Dominik | Dútske produksje |
1999 | Late Show | bankdirekteur | Dútske produksje |
2000 | Rent a Friend | dhr. Bloedworst | |
2001 | Dial 9 for Love | Pieter | |
2001 | Auf Herz und Nieren | Nemeth | Dútske produksje |
2002 | ’n Stukje Humor | Gerard | |
2003 | Van God Los | Herbert Meijer | |
2003 | Verder dan de Maan | Mees Werner sr. | |
2003 | Klem in de Draaideur | Dato Steenhuis | |
2003 | Finding Nemo | Gill | as stimakteur; by Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2004 | De Dominee | heit fan Klaas | |
2005 | Johan | Rinus Dros | |
2007 | SEXtet | Bram | |
2007 | Alles is Liefde | ? | |
2008 | Het Wapen van Geldrop | Piet Veerman | |
2009 | De Nachtmerrie van Ina Post | Co van Wonderen | |
2009 | Terug naar de Kust | Victor | |
2010 | Oh No! It's a Woman | ? | Flaamske produksje |
2010 | Iep! | Warre | |
2010 | Smoorverliefd | Theo Cremer | Flaamske produksje |
2010 | Sint | Sinteklaas | |
2010 | Eisfieber | Harry Mac | Dútske produksje |
2011 | Titten | ? | |
2011 | U & Eyre | Carpenter | |
2011 | Hart tegen Hard | Ben Berendsen | |
2012 | De Goede Dood | Michael | |
2012 | Bellicher: Cel | Steiner | |
2013 | A Perfect Man | Pieter | |
2013 | Hemel op Aarde | pastoar | |
2016 | Land van Lubbers | de âlde Ruud Lubbers | |
2016 | De Zevende Hemel | Max | |
2018 | Blijf van Mijn Kind | resjersjeur | |
2018 | Redbad | kening Aldgillis fan 'e Friezen | |
2020 | The Holzer Files | ? | dokumintêre |
2020 | Op Gepaste Afstand | heit Eef | koarte film |
2021 | Ferry | Ralph Brink | |
2022 | Ome Cor | Joop (blommeman) | |
2023 | De Vuurlinie | haadofsier fan justysje | |
tillefyzje | |||
1983 | Willem van Oranje | Frâns-Herkules fan Valois | minysearje |
1983 | De Weg | Jan Nieuwenhuis | minysearje |
1988 | Het Twentsch Paradijs | ? | tillefyzjefilm |
1988 | The Attic: The Hiding of Anne Frank | Jan Gies | tillefyzjefilm; Amerikaanske produksje |
1992–1993 | Sjans | Sjaak Massini | fêste rol; tillefyzjesearje |
1992 | Oog in Oog | Peter Gubbels | gastrol; tillefyzjesearje |
1995 | De Partizanen | Hendrik | minysearje |
1996 | Stockinger | dr. Paolo van Voorst | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Undschuldslämmer; Dútske produksje |
1997 | Der Schutzengel | Peter Becker | tillefyzjefilm; Dútske produksje |
1997–1998 | Windkracht 10 | sersjant Dick de Groot | fêste rol seizoen 1; tillefyzjesearje; Flaamske produksje |
1998 | Flodder | Paolo Marquez | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Egotrip |
1998 | Eine ungehorsame Frau | David | tillefyzjefilm; Dútske produksje |
1998 | Die Neue – Ein Frau mit Kaliber | Vandeberg | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Stille Nacht, tödliche Nacht; Dútske produksje |
1998 | TAFKAS | n.f.t. | presintator, muzykprogramma |
1999 | Retour Den Haag | Ed van Thijn | tillefyzjefilm |
1999 | Ein starkes Team | Milan Petkowicz | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Braunauge; Dútske produksje |
1999 | Tatort | Ulli Lischka | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Offene Rechnung; Dútske produksje |
2000 | Oh Oh Den Haag | Wim van Tol | minysearje |
2000 | Auf schmalem Grat | Joachim Behrens | tillefyzjefilm; Dútske produksje |
2000–2003 | Wet & Waan | Herman Vlieger | fêste rol; tillefyzjesearje, 10 ôfl., seizoen 1 (2000) en 2 (2003) |
2001 | Loenatik | automonteur | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. De Milieu-actie |
2001 | De Nacht van Aalbers | ? | tillefyzjefilm |
2001 | Het Achterland | Alex | tillefyzjefilm |
2002 | Das Duo | Helmut Felser | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Im falschen Leben; Dútske produksje |
2002–2005 | De Vloer Op | ferskaat | gastrollen; tillefyzjesearje |
2003–2004 | Show Yourself | Carlo | fêste rol; tillefyzjesearje |
2004 | Die andere Frau | Henk | tillefyzjefilm; Dútske produksje |
2004 | Stapel op Auto's | n.f.t. | presintator, autorubryk |
2005 | Oberon | de riedshear | realitytillefyzjesearje |
2005 | Das beste Jahr meines Lebens | Niklas Vandenberg | tillefyzjefilm; Dútske produksje |
2005 | Sperling | Johan Kerkman | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Sperling und der Fall Wachutka; Dútske produksje |
200? | Stapel in de States | n.f.t. | presintator, autorubryk op reis |
200? | Stapel op Werk | n.f.t. | presintator, programma foar de regionale Limburchske tillefyzje |
2006 | SOKO Kitzbühel | Henrik van Huisen | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Magischer Mord; Dútske produksje |
2006 | M.E.T.R.O. – Ein Team auf Leben und Tod | Magnus van Royen | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Krim-Kongo; Dútske produksje |
2006 | Unter Verdacht | Stewens | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Ein neues Leben; Dútske produksje |
2007 | Flikken Maastricht | Geert Veldkamp | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Kogelvis |
2007 | Verrückt nach Clara | Bernd | weromkearende rol; tillefyzjesearje, 7 ôfl.; Dútske produksje |
2007 | Donna Roma | Konstantin | weromkearende rol; tillefyzjesearje, 4 ôfl.; Dútske produksje |
2007 | S.T.A.P.E.L. | n.f.t. | presintator |
2007 | RTL GP: Formule 1 | n.f.t. | presintator |
2008 | Alarm für Cobra 11 – Die Autobahnpolizei | Sander Kalvus | gastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Auf eigene Faust 1. Teil en Auf eigene Faust 2. Teil; Dútske produksje |
2008 | Mein Herz in Chile | Herbert Hansen | tillefyzjefilm; Dútske produksje |
2010 | Nina Nazarova aan de Top! | n.f.t. | presintator |
2012 | Moeder, Ik Wil bij de Revue | Jacob Somers | minysearje |
2015 | Goedenavond, Dames en Heren | Benno | minysearje |
2015–2016 | Zwarte Tulp | Luuk Vonk | fêste rol; tillefyzjesearje |
2016-202? | Flikken Rotterdam | ofsier fan justysje Hein Berg | fêste rol; tillefyzjesearje |
2019 | De 12 van Schouwendam | Gerrit Witte | minysearje |
2019 | Napoleon in Holland | n.f.t. | voice-over by dokumintêre |
2020 | Langs de Rijn | n.f.t. | presintator fan en voice-over by dokumintêre |
2021 | Langs de Maas | n.f.t. | presintator fan en voice-over by dokumintêre |
2021–2022 | Het Dorp | n.f.t. | presintator |
2022 | Eens Ging de Zee Hier Tekeer | n.f.t. | presintator fan en voice-over by dokumintêre |
2022 | Langs de Kust | n.f.t. | presintator fan en voice-over by dokumintêre |
2023 | Langs de IJssel | n.f.t. | presintator fan en voice-over by dokumintêre |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|