Karel van het Reve is grutbrocht mei it Kommunisme, mar as adolesint ferlear er syn 'leauwe' en waard er in aktive kritikus en tsjinstanner fan it Sovjet rezjym. Mei syn help koe it wurk fan Andrej Amalrik yn it Westen útjûn wurde.
De troch him oprjochte Alexander Herzen Stifting hie as doel it útjaan fan dissidinte Sovjet literatuer.
In grutte fertsjinste fan Van het Reve hat de ynspiraasje foar syn studinten Slavistyk west. Mei harren hat er in soad Russyske literatuer oerset en allinnich hat er in protte wurk fersetten foar de Russyske Bibleteek fan Utjouwerij Van Oorschot. In wichtich part fan de Russysk-Nederlânsk oersetters is troch him oplaat. De skriuwers Maarten Biesheuvel en Maarten 't Hart hawwe ek kolleezje by him folge.
Syn bekendste fakpublikaasje is 'De skiednis fan de Russyske literatuer'. It is in tige lêsber boek troch it ferhalend karakter en de anekdotyk. It lêste kaam him op krityk te stean fan syn fakbruorren.
Fierders wurdt Van het Reve as in betûft essayist beskôge mei niget oan in grut ferskaat fan saken.
De "ouderwetse roman" in Rusland. Rede útsprutsen by it oannimmen fan it amt fan heechlearaar in de Slavysche letterkunde oan de Ryksuniversiteit te Leien op 18 oktober 1957 (1957) (Letter mei lytse feroarings opnommen yn Rusland voor beginners.)
Rusland voor beginners. Tien opstellen over literatuur (1962)
De leerboeken en ik. Voordracht, uitgesproken bij de viering van het 150-jarig bestaan van Wolters-Noordhoff in de Oosterpoort te Groningen op 11 oktober 1986 (1986) (Dizze foardracht is letter opnomme yn De ongelooflijke slechtheid van het opperwezen.)
De ongelooflijke slechtheid van het opperwezen (1987)
Zie ook onder Mozes (1988) (De tekst fan in lêzing dy't Karel van het Reve hâlde op in symposium fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen: 'Cultureel analfabetisme'.)