Pim Mulier (Wytmarsum, 10 maart 1865 - De Haach, 12 april 1954) folút Willem Johan Herman Mulier, sjoernalist mar boppe al grûnlizzer fan de moderne sport yn Nederlân, kaam yn Wytmarsum op de wrâld as soan fan de earste boargemaster fan Wûnseradiel en grutgrûnbesitter Tjepke Mulier en Roelina Johanna Alberda. Fan 1935 ôf hat er ek publisearre ûnder it pseudonym Pim Pernel.
Willem Johannes Herman Mulier, út it laach Mulier, dy't as Pim Mulier namme meitsje soe yn de Nederlânske sportwrâld, waard op 10 maart 1865 berne te Wytmarsum. Syn namme spruts er by foarkar út as Muljee, want hy wie wiis op syn Frânsk komôf. Syn foarâlden kamen út Roubaix en droegen dêr de namme Oste de Muliers. Hy soe twa kear trouwe: Foar it earst op 18 desimber 1895 mei Cornelia Constance van Duin en nei't er op 20 april 1922 fan Constance skieden wie, troude Pim Mulier op 29 maaie 1923 mei Maria Louise Haitsma Mulier. Bern soe er net krije.
Al as mantsje fan 4 jier sette syn heit him op redens. Tjepke Mulier wie in fanatyk reedrider en oprjochter fan de Haarlimske IIsklup. Pim Mulier syn fasinaasje foar sport soe hjir wol syn woartels hawwe kinne. As fiifjierrige gie Pim, tegearre mei syn âldere broer Pieter nei in kostskoalle yn Noardwyk. Yn Ingelân, dêr't er yn Ramsgate in Kolleezje folge, kaam er yn de kunde mei jonges dy't behalve cricket ek football spilen, in sport dy't in foargonger is fan it hjoeddeiske rugby. Mulier wie ferkocht, en ronsele, werom yn Nederlân, syn maten om dat spul ek te spyljen.
Yn 1879 seach er by de yn Britske sporten spesjalisearre saak de Gruyter yn Amsterdam in learen rugbybal, dy't er fuort kocht. Lang is tocht dat hy yn datselfde jier as 14-jierrige (!) de earste fuotbalklup fan Nederlân oprjochte hat, mar neffens guon kloppet dat net alhiel.[1] Dy klup, Haarlemsche Football Club, HFC bestiet noch altyd, tsjintwurdich mei it predikaat Keninklik, KHFC. Al yn de begjinjierren wie HFC in grut sukses, mar klachten fan âlders oer it rûge rugby, soargen der foar dat de klup yn 1883 oerskeakele op soccer, it hjoeddeiske fuotbal. Mei troch de ynfloed fan Mulier ûntstiene yn de regio en ek dêrbûten, nije fuotbalklups dy't al gauweftich yn kompetysjeferbân tsjininoar spilen.
Yn 1884 yntrodusearre Mulier it moderne tennisjen sa't dat doe spile waard yn Ingelân, yn Haarlim, dêr't de earste klup oprjochtte waard.
Pim Mulier wie in net ûnfertsjinstlike hurdrinner. Yn 1886 rûn er de 350 meter yn 53,4 sekonden, en wurde dêrmei Nederlânsk kampioen.
Yn 1889 stie Pim Mulier oan de widze fan de Nederlandse Atletiek en Voetbalbond, NAVB. Atletyk waard, tige tsjin it sin fan Mulier, al gau oan 'e kant skowt. De NVB, foarrinner fan de tsjintwurdige KNVB, bleau oer.
Yn 1890, werom yn Fryslân, pakte Mulier syn âlde leafde, it reedriden wer op. Hy ried de ûnoffisjele alvestêdetocht yn in tiid fan 12 oere en 55 minuten. It rekôr soe stân hâlde oant 1909. Yn dat jier soe op syn oanstean de earste organisearre Alvestêdetocht hâlden wurde ûnder de flagge fan it Fryske Iisbûn. Yn datselde jier is ek de Feriening 'De Fryske Alvestêden' oprjochtte, dy't dêrnei de tocht útskriuwe soe. It krúske dat alvestêderiders oant hjoeddedei krije at se de tocht útride, is in ûntwerp fan Pim Mulier.
Ek oare sporten droech Pim Mulier in waarm hert ta. Sa hat er ûnder oaren foarsitter west fan it Nederlânske Krikketbûn en skriuwer fan de Nederlandsche Bond voor Lichamelijke Opvoeding. Yn dy lêste funksje hat er it organisearjen fan 4-deiske kuiertochten stimulearre, wêrfan dy fan Nijmegen in barren mei ynternasjonale útstrieling wurden is. Aktyf wie er fierder as hurdfytser, keatser en biljetter. Yn 1891 yntrodusearre Mulier de hockeysport yn Nederlân.
Pim Mulier wie aktyf as sjoernalist en skriuwer. Fan 1899 - 1905 wie er haadredakteur fan de Deli-Courant. Ek yn syn skriuwersfunksje wie er propagandist foar de sport. Fan syn hân binne û.o. de folgjende publikaasjes:
De namme fan Pim Mulier wurdt noch altyd neamd yn de Nederlânske sportwrâld:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|