USS Pennsylvania (skip út 1916)

USS Pennsylvania
De USS Pennsylvania op folle see yn maaie 1934.
De USS Pennsylvania op folle see yn maaie 1934.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat, sjoch tekst
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-38
skiednis
werf Newport News Shipbuilding
kyllizzing 27 oktober 1913
tewetterlitting 16 maart 1915
yn de feart 12 juny 1916
út tsjinst 29 augustus 1946
status sonken 10 febrewaris 1948
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Pennsylvania-klasse
lingte 185 m
breedte 29.60 m
djipgong 8.80 m
deplassemint 31.917 long ton (by oplevering)
34.400 long ton (modern. 1931)
tonnaazje 32.429 brt (by oplevering)
35.000 brt (modern. 1931)
bemanning 1.159 koppen
oandriuwing 6 × boilermotor (1931)
maks. faasje 21 knopen (39 km/h)
bewapening 4 × trijedûbel 14 inch (360
   mm)-kanon
12 × 5 inch (130 mm)-kanon
8 × 3 inch (76 mm)-
   loftdoelgeskut
2 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkings droech 2 wetterfleantugen,
mei 2 kattepûlen foar opstiigjen

De USS Pennsylvania wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Pennsylvania-klasse, mei de koade BB-38. It wie fan 1916 oant 1946 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. By de Oanfal op Pearl Harbor rekke it licht skansearre. It focht neitiid yn 'e rest fan 'e Twadde Wrâldoarloch.

Bou en skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Pennsylvania wie in skip fan 'e Amerikaanske Marine dat nei de Amerikaanske steat Pennsylvania ferneamd waard. It wie in slachskip fan 'e Pennsylvania-klasse, dy't sterk besearre wie op 'e foargeande Nevada-klasse. De kyl fan 'e USS Pennsylvania waard lein op 27 oktober 1913 op 'e skipswerf fan Newport News Shipbuilding yn Newport News, yn Firginia, dêr't it skip op 16 maart 1915 te wetter litten waard. As marineskip wie de USS Pennsylvania swier bepânsere, en it skip wie bewapene mei in batterij fan trije 14 inch (356 mm)-kanonnen yn elts fan 'e fjouwer geskutstuorren, en dêropta mei ferskate lichtere wapens. It skip hie in lingte fan 185 m, in breedte fan 29.60 m en in djipgong fan 8.80 m. De topsnelheid bedroech 21 knopen, oftewol 39 km/h.

De USS Pennsylvania by it besyk oan Austraalje yn 1925.

De USS Pennsylvania waard op 12 juny 1916 yn 'e tsjinst nommen troch de Amerikaanske Marine. Op 12 oktober fan dat jier pleatste skout-by-nacht Henry T. Mayo himsels en syn stêf oer nei it nije skip, dat dêrtroch it flaggeskip fan 'e Amerikaanske Atlantyske Float waard. Yn 1917 besocht de USS Pennsylvania it Karibysk Gebiet foar oefenings, wêrby't Porto Riko, de Dominikaanske Republyk en Haïty oandien waarden. Doe't de Feriene Steaten letter dat jiers by de Earste Wrâldoarloch belutsen rekken, waarden inkeld âldere slachskippen dy't stienkoal stookten de Atlantyske Oseaan oer stjoerd nei it Feriene Keninkryk, om't dêr in grut tekoart oan stookoalje hearske. Sadwaande kaam de USS Pennsylvania yn 'e Earste Wrâldoarloch net yn aksje. Yn 1918 eskortearre it slachskip yn 'e mande mei njoggen oare slachskippen wol it passazjiersskip de SS George Washington, mei oan board de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson, nei Frankryk ta, dêr't de preisidint dielnimme soe oan 'e Fredeskonferinsje fan Parys.

Yn it Ynterbellum tsjinne de USS Pennsylvania as flaggeskip fan 'e Amerikaanske Slachfloat nei't dy yn 1921 ûntstien wie út 'e gearfoeging fan 'e Atlantyske Float mei de Amerikaanske Pasifyske Float. It meastepart fan 'e 1920-er en 1930-er jierren hie it skip as thúshaven San Pedro, yn Kalifornje. It slachskip die yn dy tiid geregeldwei mei oan oefenings fan 'e Amerikaanske Marine, besocht oare havens, net inkeld yn 'e Feriene Steaten sels, mar ek yn Porto Riko en de Amerikaanske Famme-eilannen, en brocht yn 1925, yn 'e mande mei oare Amerikaanske marineskippen, in freonskiplik besyk oan Austraalje en Nij-Seelân. Op 'e weromweis waard ek Amerikaansk-Samoä oandien. Fierders besocht de USS Pennsylvania Guantanomo Bay, op Kuba, yn 1927, en Victoria op it Kandeeske Vancouvereilân, yn 1928.

De USS Pennsylvania, efter de wrakken fan 'e USS Cassin en de USS Downes.

Oanfal op Pearl Harbor

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 wie de USS Pennsylvania dêr oanwêzich doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden. It skip wie op dat stuit it flaggeskip fan admiraal Husband E. Kimmel, de kommandant fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float.

Oars as de oare Amerikaanske slachskippen fan 'e Pasifyske Float lei de USS Pennsylvania lykwols net ôfmarre oan Battleship Row, by Ford Island yn 'e lagune Pearl Harbor, mar wie it skip foar ûnderhâld yn in drûchdok lein, yn 'e mande mei de torpedoboatjagers de USS Cassin en de USS Downes. Sadwaande kaam de USS Pennsylvania der fan alle Amerikaanske slachskippen it bêste foar wei. De beide torpedoboatjagers rûnen lykwols katastrofale skea op doe't ien bom yn 'e brânstofbunker fan 'e USS Cassin trochkrong. De lekkende oalje rekke yn 'e brân en it ûnder wetter setten fan it dok om it fjoer te dwêstgjen, hie inkeld as effekt dat de baarnende oalje op it wetter driuwen bleau en him flugger nei de boppestruktuer fan it skip ferspriede koe. De USS Cassin glied boppedat fan syn kylblokken en rôle tsjin 'e USS Downes oan. Beide skippen baarnden út. De USS Pennsylvania waard ûnderwilens rekke troch ien bom en troch fragminten fan 'e USS Cassin. Dêrby foelen 9 deaden, mar it skip waard gau reparearre en bleau yn 'e tsjinst.

De USS Pennsylvania liedt it slachskip USS Colorado, de swiere krusers USS Louisville en USS Portland, en de lichte kruser USS Columbia de Golf fan Lingayen yn ûnder de Filipynske Kampanje yn jannewaris 1945.

Rest fan 'e Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei reparaasjes en oefenings naam de USS Pennsylvania diel oan in rige amfibyske operaasjes, wêrby't it slachskip mei syn reuseftige kanonnen de lânjende troepen ûnderstipe. Sa wie it skip yn maaie 1943 belutsen by de Aleoetenkampanje yn Alaska en yn septimber fan dat jier by de Slach om Makin yn 'e Gilberteilannen (no Kiribaty). Begjin 1944 naam de USS Pennsylvania diel oan 'e Marshalleilânske Kampanje yn 'e Marshalleilannen, wêrby't it skip stipe bea oan 'e lânings yn 'e Slach om Kwajalein yn jannewaris en de Slach om Eniwetok yn febrewaris. Neitiid waard de USS Pennsylvania stasjonearre by Efate, yn 'e Nije Hebriden (no Fanûatû), dêr't nije oefenings folgen mei tuskentroch in besyk oan 'e havenstêd Sydney, yn Austraalje. By in oefening yn it tsjuster kaam it slachskip by ûngelok yn botsing mei it troepetransportskip de USS Talbot. De USS Pennsylvania rûn mar lichte skea op, mar de USS Talbot hie slimme averij.

Yn 'e Marianen- en Palaukampanje naam de USS Pennsylvania yn juny 1944 diel oan 'e Slach om Saipan en de Twadde Slach om Gûam yn 'e Marianen, en yn septimber oan 'e Slach om Peleliu en de Slach om Angaur yn 'e westlike Karolinen (no Palau). Nei ûnderhâld en reparaasjes wie it skip wer fan 'e partij doe't yn oktober 1944 de Twadde Filipynske Kampanje úteinsette. De USS Pennsylvania wie belutsen by de Slach yn 'e Strjitte fan Surigao, it lêste treffen tusken slachskippen út 'e skiednis fan 'e wrâld, mar fanwegen swierrichheden mei de radar koe it gjin doelwyt fine en fjurre it net ien kear. Oant febrewaris 1945 bleau it skip yn 'e Filipinen aktyf.

De USS Pennsylvania wurdt yn 1948 foar de kust fan Kwajalein ta sinken brocht.

Nei ûnderhâld en oefenings by San Francisco en Hawaï bombardeare de USS Pennsylvania op 1 augustus yn it foarbygean Japanske posysjes op it eilân Wake, in besette Amerikaanske besitting noardlik fan 'e Marshalleilannen. Dêrby ferlear it skip ien fan syn wetterfleantugen. De USS Pennsylvania waard it flaggeskip fan Taakgroep 95, in flottylje fan 'e Amerikaanske Marine dat de amfibyske operaasjes yn 'e Slach om Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen, ûnderstypje moast. It slachskip kaam op 12 augustus by Okinawa oan en waard fuortendaliks de earste nacht al rekke troch in Japanske torpedo, dy't oan 'e efterstjûne in protte skea oanrjochte. By de oanfal kamen 20 bemanningsleden om en rekken nochris tsien oaren ferwûne. Fan gefolgen moast de USS Pennsylvania him út 'e striid weromlûke trije dagen foar de kapitulaasje fan Japan op 15 augustus.

De USS Pennsylvania waard troch twa sleepboaten nei Gûam ta brocht, dêr't it skip provisoarysk reparearre waard. By de reis nei de Puget Sound yn 'e Amerikaanske steat Washington diene har noch mear problemen foar. It hie de bedoeling west dat it skip op 'e skipswerven by Seattle hielendal reparearre wurde soe, mar no't de oarloch beëinige wie, hie it eins gjin sin om sa'n âld skip noch op te kallefaterjen. Ynstee waarden de provisoaryske reparaasjes wat ferbettere, wêrnei't de USS Pennsylvania yn jannewaris 1946 oanwiisd waard as doelskip. Op 25 july waard it skip yn dy hoedanichheid brûkt foar Operaasje Crossroads, de atoomtest op it atol Bikini, yn 'e Marshalleilannen. De USS Pennsylvania rekke mar licht skansearre, mar wie swier besmet mei radioaktive strieling. It skip waard dêrom nei it eilân Kwajalein ta sleept, dêr't it op 29 augustus 1946 út 'e tsjinst helle waard en op 10 febrewaris 1948 foar de kust ta sinken brocht waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.