John Christmas Møller | ||
politikus | ||
echte namme | Guido Leo John Christmas Møller | |
nasjonaliteit | Deensk | |
bertedatum | 3 april 1894 | |
berteplak | Kopenhagen (Denemark) | |
stjerdatum | 13 april 1948 | |
stjerplak | Kopenhagen (Denemark) | |
etnisiteit | Deensk Ingelsk | |
partij | Konservative Folkeparti | |
minister fan Bûtenlânske Saken fan Denemark | ||
amtsperioade | 7 maaie – 7 novimber 1945 | |
foargonger | Vilhelm Buhl | |
opfolger | Gustav Rasmussen | |
minister fan Hannel fan Denemark | ||
amtsperioade | april – oktober 1940 | |
lid fan it parlemint fan Denemark | ||
amtsperioade | 1928 – 1941 1945 – 1947 |
John Christmas Møller (folút: Guido Leo John Christmas Møller; Kopenhagen, 3 april 1894 – dêre, 13 april 1948) wie in Deensk politikus, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch belutsen wie by it Deenske ferset en letter de wyk nimme moast nei Ingelân. Fuort nei de oarloch beklaaide er de post minister fan Bûtenlânske Saken yn it earste Deenske regear fan nei Dútske besetting.
Møller waard yn 1894 berne yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen, as de soan fan effektemakeler Hans Christian Møller (1866-1938) en dy syn frou Anna Cathinca Christmas (1868-1919). Hy brûkte de famkesnamme fan syn mem as syn middelnamme. Hy studearre rjochten oan 'e Universiteit fan Kopenhagen en waard yn 1922 master yn de rjochten.
Møller troude twa kear. Syn earste houlik gied er yn 1919 yn 'e Sint-Paulustsjerke yn Kopenhagen oan mei Carmen Elisabeth Signe Munthe Riis (1890-1962), dy't berne wie yn 'e Oerûguayaanske haadstêd Montevideo. Dit houlik einige lykwols yn in skieding, wêrnei't Møller yn 1923 wertroude mei Gertrud Jessen (1894-1974), in doktor yn 'e filosofy dy't letter as filmsinsor wurke. Møller hie in soan dy't yn april 1945 omkaam yn 'e striid tsjin 'e Dútsers, as lid fan it Grenadier Guards-rezjimint fan it Britske Leger.
Al as studint wie Møller polityk aktyf. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch wied er warber yn 'e striid om Sleeswyk, dat Denemark yn 'e Twadde Dútsk-Deenske Oarloch fan 1864 oan 'e Dútsers ferlern hie, werom te krijen. Dat slagge mar foar in diel, mei't Noard-Sleeswyk nei in folksriedplachting wer by Denemark kaam te hearren, mar Súd-Sleeswyk by Dútslân bleau. Yn 1928 waard Møller yn it Folketing, it Deenske parlemint, keazen as lieder fan 'e Konservative Folkeparti ("Konservative Folkspartij"), in rol dy't er behold oant yn 'e Twadde Wrâldoarloch.
Nei de Dútske besetting fan Denemark, yn april 1940, joech Møller him by in koälysjeregear, wêryn't er minister fan Hannel waard. In healjier letter, yn oktober, waard er lykwols troch de besetter twongen om syn ministerspost op te jaan, om't er as te Dútsk-fijannich beskôge waard. Noch wer in fearnsjier letter, yn begjin 1941, waard er om deselde reden ek út it Folketing set. Neitiid spile er in krúsjale rol by de oprjochting fan 'e ûndergrûnske krante Frit Danmark ("Frij Denemark").
Yn 1942 moasten Møller en syn gesin de wyk nimme nei Ingelân, dêr't er om 'e nocht besocht om in ministerspost te bemachtigjen yn it Deenske regear-yn-ballingskip. Lykwols ferrjochte er wichtich wurk as radiopresintator foar de Deensktalige útstjoerings fan 'e BBC dy't rjochte wiene op beset Denemark. Dêrby kante er him oan tsjin 'e kollaborative opstelling fan it Deenske regear yn Kopenhagen, en fitere er syn taharkers oan om sabotaazje-aksjes en oare fersetsaktiviteiten te ûndernimmen. Møller waard fan gefolgen tige populêr yn syn heitelân. Op 2 oktober 1943 publisearre er in artikel yn Frit Danmark wêryn't er alle Denen oprôp en doch wat se koene om 'e Deenske Joaden te helpen oan 'e deportaasje nei de Dútske konsintraasjekampen te ûntkommen.
Nei de Dútske nederlaach kearde Møller yn 1945 werom nei syn heitelân, dêr't er op 7 maaie minister fan Bûtenlânske Saken waard yn it Deenske oergongsregear, in funksje dy't er oant 7 novimber fan datselde jier beklaaide. Dêrnei naam er syn âlde wurk as parlemintslid en lieder fan 'e Konservative Folkeparti wer op. Hy ferlear de ferkiezings fan 1947 en stapte dêrnei op as partijlieder, foar in diel om't er him nei de nije Dútske nederlaach op 'e nij, mar om 'e nocht sterk makke hie foar de weropname fan Súd-Sleeswyk yn Denemark.
Møller kaam op 13 april 1948 te ferstjerren, tsien dagen nei syn 54ste jierdei. Syn âldomkesizzer Pia Christmas-Møller wie fan 1987 oant 2011 ek aktyf yn 'e Deenske polityk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|