Jan Greshoff (1920)
Jan Greshoff (Nieuw Helvoet , 15 desimber 1888 – Kaapstêd , 19 maart 1971 ) wie in Nederlânsk sjoernalist en auteur waans namme fral klank krige as dichter en kritikus .
Greshoff wie fan 1908 ôf oan sjoernalist, ûnder oare by it Dagblad van Zuid-Holland en 's Gravenhage en foar it wykblêd De Hofstad . Yn 1916 kaam er op de keunstredaksje fan De Telegraaf . Fan 1920 oant 1923 wie er haadredakteur fan de Nieuwe Arnhemse Courant . Dêrnei waard er freelancer .
Lumen , in bondel ferzen basearre op in balletsenario wie Grshoff syn literêre debút. Der soene noch in protte fan folgje, lykas Aardsch en Hemelsch (1926) en Ikaros bekeerd (1938). Syn ferneamdste gedicht is "Liefdesverklaring".
Yn Afscheid van Europa (1969) sjocht Greshoff werom op syn (literêre) libben en syn protte bekende freonen, sa as in Adriaan Roland Holst , J.C. Bloem en J. Slauerhoff . De roman Kaas fan Willem Elsschot waard opdroegen oan Greshoff.
De measte boeken fan Jan Greshoff waarden útjûn trochr A.A.M. Stols . De wiidweidige briefwikseling tusken Greshoff en Stols waard yn 1990 útjûn troch it Nederlânsk Letterkundich Museum .
Greshoff wenne lange tiid yn België en yn syn hûs 'Huis De Grashof' by Kaapstêd , Súd-Afrika .
Hy stoar dêre yn de âldens fan 82 jier.
1909 - Aan den verlaten vijver
1910 - Door mijn open venster...
1910 - Edelsmid (oer G.H. Lantman)
1918 - Latijnsche lente
1924 - De ceder
1924 - Mengelstoffen o.h. gebied der Fransche Letterkunde
1925 - Dichters in het koffyhuis (ûnder pseudonym Otto P. Reys)
1925 - Sparsa
1925 - Geschiedenis der Nederl. letterk. (mei J. de Vries)
1926 - Aardsch en hemelsch
1926 - Zeven gedichten
1927 - De Wieken van den Molen
1929 - Bij feestelijke gelegenheden
1928 - Confetti
1930 - Currente calamo
1931 - Spijkers met koppen
1932 - Janus Bifrons
1932 - Mirliton
1932 - Voetzoekers
1933 - Pro domo
1934 - Arthur van Schendel
1936 - Critische vlugschriften
1936 - Gedichten, 1907-1936
1936 - Rebuten
1938 - Ikaros bekeerd
1938 - In alle ernst
1939 - Steenen voor brood
1941 - Fabrieksgeheimen
1943 - Muze, mijn vriendin
1944 - Catrijntje Afrika
1944 - Het spel der spelen
1948 - Zwanen pesten
1948 - Gedichten
1948 - Legkaart
1950 - Het boek der vriendschap
1950 - Grensgebied
1955 - Marnix Gijsen (mei R. Goris)
1956 - Volière
1956 -1958 - De laatste dingen
1957 - Bric à brac
1958 - Menagerie
1958 - Nachtschade
1958 - Pluis en niet pluis
1964 - Wachten op Charon
1967 - Verzamelde gedichten 1907-1967
1968 - Wind wind
1969 - Afscheid van Europa