De World Science Fiction Convention (Ingelsk foar: "Science Fiction-Wrâldkonvinsje"), faak ôfkoarte ta Worldcon, is de jierlikse feestlike wrâldgearkomste op it mêd fan science fiction dy't organisearre wurdt troch de Amerikaanske World Science Fiction Society (WSFS), it "Science Fiction-Wrâldgenoatskip". De earste Worldcon waard yn 1939 holden, en sûnt hat dit evenemint alle jierren plakfûn útsein ûnder de Twadde Wrâldoarloch, fan 1942 oant 1945. De Worldcon is de wichtichste Amerikaanske en ynternasjonale gearkomste op it mêd fan it science fiction-sjenre, en wikselet elts jier fan plak.
Op 'e Worldcon wurde folgjende aktiviteiten en eveneminten organisearre:
- Goeddiedichheidsaksjes om non-profitorganisaasjes op it mêd fan it science fiction-fandom en oare, eksterne goede doelen te ûnderstypjen, troch kollektes, feilings, bloeddonaasjes, ensfh.
- In keunsteksposysje mei skilderijen, tekenings, byldhouwurken en oare keunstwurken op it mêd fan science fiction.
- Hantekeningesesjes troch en oare kânsen om yn 'e kunde te kommen mei ferneamde science fiction-auteurs en oare bekendheden op it mêd fan science fiction, lykas akteurs út films of tillefyzjesearjes, omslachkeunstners, ensfh.
- De úttrikkingsseremoanje fan 'e Chesley Awards.
- De útrikkingsseremoanje fan 'e Hugo Awards.
- Cosplay, sawol in formele wedstryd (de Masquerade) as gewoan foar de aardichheid troch fans dy't de hiele dei yn science fiction-kostúms omrinne.
- Dûnsopfierings op it mêd fan science fiction.
- Muzykopfierings op it mêd fan science fiction.
- Toaniel- en teäteropfierings op it mêd fan science fiction.
- Tentoanstellings op it mêd fan science fiction.
- Workshops op it mêd fan science fiction.
- De saneamde huckster's room, dêr't boeken, stripboeken, dvd's, fideospultsjes, kostúms, juwiellen en oar spul op it mêd fan science fiction ferkocht wurdt.
- De fan lounge, in plak dêr't men prate en oerlizze kin oer en bydrage kin oan fanzines.
- De saneamde fan tables, dêr't organisaasjes en fertsjintwurdigers fan oare science fiction- en fantasykonvinsjes harsels presintearje.
- In filmfestival dêr't ûnôfhinklike science fiction-films fertoand wurde.
- Spultsjes, wêrûnder rollespullen, boerdspultsjes en kaartspullen.
- Paneldiskusjes oer in breed skala oan ûnderwerpen op it mêd fan science fiction.
- Iepenbier tagonklike feestjes dy't organisearre wurde troch science fiction-organisaasjes, -klubs, -útjouwerijen, -tydskriften en oaren.
- In bar dêr't men in drankje nimme kin of gewoan gesellich mei-inoar prate kin.
- Taspraken en oare presintaasjes troch ferskate grutte nammen út 'e science fiction.
- Saken oangeande de World Science Fiction Society, wêrûnder de stimming oer it plak fan de Worldcon fan it folgjende jier en teffens oer it plak fan 'e North American Science Fiction Convention (NASFiC) as it plak fan 'e folgjende Worldcon bûten Noard-Amearika leit.